Carola Schouten hâldt Rede fan Fryslân

Minister Carola Schouten hâldt op 8 oktober 2020 de tsiende Rede fan Fryslân. Hja sil dizze lustrumedysje fan de Rede oan de lânbou wije. De sektor is op dit stuit in soad yn it nijs. Schouten sil har fisy jaan op de ûntjouwingen yn de lânbou en de betsjutting foar Fryslân as lânbouprovinsje.

Carola Schouten is út namme fan de Christen Unie minister fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit en fice-premier yn it hjoeddeistige kabinet. Hja waard berne yn ’s Hertogenbosch en groeide op yn it Brabânske Giessen, wêr’t har âlders in greidboersspul runden. Nei har FWÛ studearre Schouten bedriuwskunde oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. Dêr wennet hja no noch. Yn 2011 rôp de parlemintêre parse Schouten út ta polityk talint fan it jier. Hja waard yn oktober 2017 minister yn it kabinet Rutte-III.

De Rede fan Fryslân is útgroeid ta in jierlikse tradysje. In prominint persoan fan bûten de provinsje hâldt mei it each op de takomst Fryslân de spegel foar. Eardere sprekkers wiene Coen Teulings (CPB), Bernard Wientjes (VNO/NCW), Gerdi Verbeet (âld-oarsitter Twadde Keamer), Olaf Koens (sjoernalist fan it jier), ZKH Prins Carlos de Bourbon de Parme, Pieter Winsemius (bedriuwskundige, publisist, earder politikus), Herman van Rompuy (earder foarsitter fan de Europeeske Rie) en Gerrit Hiemstra (waarman).

Pagina opties