Busferfier sûnder útstjit yn 2025

Fryslân stribbet nei batterij-elektrysk busferfier yn 2025. Dat past by de Fryske ambysje dat alle iepenbier ferfier yn 2025 sûnder útstjit is.

Nei ferkenning lykje elektryske bussen mei in batterij op it stuit de meast betroubere en ekonomysk foardielige oplossing sûnder útstjit. It kolleezje fan Deputearre Steaten stelt út om fierder ûndersyk te dwaan nei de ynfrastrukturele oanpassings dy’t foar elektrysk busferfier nedich binne.

Provinsjale Steaten hawwe de opdracht jûn om yn 2025 busferfier sûnder útstjit oan te bieden. Dêrom is ûndersocht hoe’t dat it bêste ynfolle wurde kin. Dy ynformaasje wurdt meinommen by de tariedings fan it nije kontrakt foar busferfier (fan 2022 ôf). Dêrfoar is oanfoljend ûndersyk nedich, bygelyks nei hokker ynfrastrukturele oanpassings needsaaklik binne om batterij-elektryske bussen ride te litten. Tink oan hoe, wêr en wannear’t de batterijen yn de bussen laden wurde moatte.

Ferskate opsjes foar duorsumer iepenbier ferfier  

Yn it ûndersyk nei busferfier sûnder útstjit binne ferskate opsjes foar it duorsumer meitsjen fan it Fryske OV mei-inoar ferlike. Bussen dy’t op grien gas of biobrânstoffen ride, stjitte gâns minder út. De doelstelling, sûnder útstjit, wurdt dêr lykwols net mei helle. Fierder is neist de batterij-elektryske bussen de opsje fan elektrysk oandreaune wetterstofbussen ûndersocht.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.