Bou sirkulêre betsjinsintrale giet oan

Hjoed is de nijbou fan it Swettehûs yn Ljouwert offisjeel út ein setten. Dat barde troch it yn de grûn triljen fan brûkte damwanden. Sirkulêr materiaal, want dy stielen damwandplaten sieten foarhinne yn it Van Harinxmakanaal en binne frijkommen by it projekt werynrjochting Marsum-Deinum.

De provinsje Fryslân hat as doel om der it meast sirkulêre gebou fan de provinsje fan te meitsjen, wa wit wol fan hiel Nederlân. Dêrfoar moat it gebou foar op syn minst 40% út brûkt materiaal bestean. Neist de damwanden sille dêrfoar ek mearpeallen, gevelpanielen en binnendoarren op ‘en nij brûkt wurde. It gebou sil ferwaarme wurde mei akwathermy en frijkommende waarmte út de servers fan de betsjinsintrale. “Het Swettehûs wordt vanuit het oogpunt van duurzaamheid echt heel bijzonder. Een paradepaardje”, seit deputearre Avine Fokkens-Kelder.

Een kraan slaat een betonnen paal in de drassige grond. Er staat een werkmens in oranje vest naast de paal om te begeleiden.

Bougroep Dijkstra Draisma bout It Swettehûs oan de westkant fan Ljouwert. Neist in wurkplak foar likernôch 20 brêgewippers, sil it nije gebou en it hiem meikoarten tsjinst dwaan as basis foar provinsjale meiwurkers fan (far)wegen, nautyske saken en technyske tsjinst foar it ûnderhâld fan brêgen en slûzen. It gebou sil yn 2022 yn gebrûk nommen wurde.

Pagina opties