Bewenners oerhannigje plannen Aldegea

Op freed 1 november hawwe bewenners út Aldegea de takomstplannen foar harren doarp en it havengebiet presintearre. Dizze plannen binne bondele yn it Ontwerp Masterplan Waterfront Oudega. Deputearre Avine Fokkens-Kelder en wethâlder Robert Bakker krigen de earste eksemplaren.

Gedeputeerde Fokkens staand en wethouder Bakker zittend op stoel ontvangen eerste expemplaar van man en vrouw in lokaal

Ûnderskrift: Deputearre Fokkens-Kelder en wethâlder Bakker (links) ûntfange earste eksimplaar fan bewenners 

It Ontwerp Masterplan Waterfront Oudega is ûnderdiel fan de ûntwikkeling fan Aldegea oan it Wetter. It is ta stân kommen troch in gearwurking tusken doarpsbewenners, gemeente Smellingerlân en provinsje Fryslân.

Ontwerp Masterplan Waterfront Oudega

It plan jout rjochting oan hoe’t it doarp sjocht nei it takomstige doarpsplein en it havengebiet. Wichtige saken út it plan binne de sloop fan de foarmalige súvelfabryk en de oanlis fan nij wetter. It Masterplan slút oan by de ambysjes fan de provinsje Fryslân op it gebiet fan rekreaasje en leefberens fan it doarp. “Komplimenten oan de bewenners foar harren ynset en belutsenens by it meitsjen fan sa ’n plan”, sa seit Fokkens-Kelder. Wethâlder Bakker slút him hjirby oan.

Ferfolch

Yn totaal is der foar Aldegea oan it Wetter 17 miljoen euro beskikber steld troch provinsje Fryslân, gemeente Smellingerlân en Wetterskip Fryslân. De gemeente hat dêrnjonken nochris ien miljoen euro beskikber steld foar de oankeap en sloop fan de súvelfabryk en de werynrjochting fan it doarpsplein. It Ontwerp Masterplan Waterfront Oudega wurdt ta beslút foarlein oan it kolleezje fan Deputearre Steaten (provinsje) en it kolleezje fan Boargemaster en Wethâlders (gemeente). Dêrnei giet it ynisjatyf nei de gemeenteried.

Pagina opties