Betsjinning 40 Fryske brêgen út nije sirkulêre sintrale wei

It bouteam dat oan ’e slach giet mei de nije sintrale foar ôfstânsbetsjinning fan brêgen, is fan ’e middei offisjeel fan start gien. It wurk is gund oan Bouwgroep Dijkstra Draisma.

De provinsje wol in sa sirkulêr mooglik gebou realisearje, dat betsjut ûnder oaren dat it safolle mooglik fan brûkte materialen en werbrûkbere grûnstoffen boud wurde sil.

Oan de westkant fan Ljouwert bout de provinsje in nije sintrale foar de betsjinning fan sa’n 40 provinsjale en gemeentlike brêgen yn Fryslân: it Swettehûs. Neist dat it in wurkplak foar sawat 20 brêgebetsjinners wurdt, docht it nije gebou en terrein skielk tsjinst as útfalsbasis foar provinsjale meiwurkers farweibehear, nautyske saken en de technyske tsjinst foar ûnderhâld fan brêgen en slûzen.

Fan ’e middei lange deputearre Fokkens symboalysk in brêgewachtersklompke oer oan direkteur Dijkstra fan Bouwgroep Dijkstra Draisma. Mei dêrby it fersyk om it klompke in twadde libben te jaan yn it nije gebou, hielendal passend by de sirkulêre tinkwize. Yn it bouteam wurket de provinsje gear mei de Bouwgroep en ûnderwiis- en kennisynstellingen om mei-inoar in gebou te realisearjen dat sa sirkulêr mooglik is. Fokkens: “Fantastysk dat wy hjir de kâns krije om sirkulêre ekonomy werklik yn ús eigen bedriuwsfiering te ferweevjen. Dat past hiel goed by dit projekt en de ambysje om koprinner wêze te wollen yn de sirkulêre ekonomy.

Tydlike betsjinningssintrale

Brêge Dronryp, de Sudergoabrêge yn Warkum en de Van Panhuysbrêge yn Tsjerkwert binne koartby oergien op ôfstânsbetsjinning út de tydlike betsjinningssintrale wei. Dat is it eardere projektburo Vrij-Baan en ek de lokaasje foar de nijbou fan it Swettehûs. Dêrwei wurde op dit stuit tsien brêgen op ôfstân betsjinne. Begjin takom jier giet de bou fan start. It Swettehûs is oer twa jier klear foar gebrûk.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.