Bestriding Japanske Tûzenknoop lâns N355

Hjoed set de provinsje Fryslân útein mei it oanpakken fan de Japanske Tûzenknoop lâns de N355 op ‘e hichte fan de Griene Stjer. Dy stege en fluch groeiende plant woekeret yn ‘e berm. Weed Free Service B.V. past dêrfoar in relatyf nije en miljeufreonlike technyk ta. In kraan graaft de grûn ôf, dêrnei souwet in mobile sou-ynstallaasje stikje woartel út de besmette grûn.

De Japanske Tûzenknoop is in dreech te bestriden plant dy’t faak werom komt en kabels en fûndearrings stikken makket. De soutechnyk hellet hast alle woartels út de grûn. Mochten der dochs noch plantsjes opkomme, dan is behanneling mei hyt wetter of stroom noch mooglik. De frijkommen woartels geane yn de ferbrâningsûne.

Een oranje kraan schept in een enorme blauwe bak

As de metoade oanslacht, dan past de provinsje dy ek op oare lokaasjes ta.

Pagina opties