Auke de Vries is de winner fan de GERRIT BENNER priis

Auke de Vries (Burgum, 1937) is de winner fan de GERRIT BENNER priis 2019. De keunstner ûntfangt de priis foar syn hiele oeuvre.

In tentoanstelling yn it Fries Museum makket diel út fan de priis foar de byldzjende keunst, dy’t ien kear yn ‘e twa jier útrikt wurdt. Ek wint De Vries in bedrach fan € 5000,-. Op 13 septimber 2019 wurdt de priis útrikt en iepenet de eksposysje yn it Fries Museum.

De sjuery neamt Auke de Vries in belangrike ynspirator en foarbyld foar jongere generaasjes keunstners yn en bûten Fryslân. Syn wurk foar de iepenbiere romte is te finen yn wrâldstêden sa as Barcelona, Rotterdam, Berlyn, Bangkok en Parys.

Dêrneist sjocht de sjuery in gelikenis mei de nammejouwer fan de priis. Auke de Vries is krekt as Gerrit Benner in autodidakt. Auke de Vries hat him op eigen krêft ûntwikkele ta in postmodern keunstner.

Sjuery

De sjuery bestie fan ‘t jier út: Mariette Dölle (direkteur fan museum Kranenburgh foar moderne en hjoeddeistige  keunst yn Bergen), Toos Arends (keunsthistoarikus en konservator by it Drents Museum yn Assen), Rudy Hodel (resinsint byldzjende keunst, konservator, dosint en kurator), Yasmijn Jarram (keunstkritikus en konservator by it GEM, museum foar aktuele keunst yn De Haach) en Hans van Bentum (byldzjend keunstner).

Portretfoto van Auke de Vries door fotograaf Piet Gispen

De GERRIT BENNER priis is troch de provinsje Fryslân yn it libben roppen om it byldzjende keunstklimaat in ympuls te jaan. Mei dy priis wol de provinsje Fryslân it omtinken foar de byldzjende keunst ûnder it publyk fergrutsje. It is de 8e kear dat de provinsje Fryslân de GERRIT BENNER priis foar de byldzjende keunst takent.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.