Arthur Oostvogel riddere by ôfskie Harmonie

By syn ôfskie as direkteur fan stêdsskouboarch de Harmonie yn Ljouwert is Arthur Oostvogel beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat him de fersiersels opspjelde. Hy priizge de ynset fan Oostvogel foar de kulturele sektor yn de ôfrûne 35 jier en foar dy op oare gebieten.

De hear Oostvogel (Tytsjerk, 68) wie sûnt 2001 direkteur fan de Harmonie. Dêrfoar wie hy aktyf yn de kulturele sektor yn syn berteplak Den Bosch. Yn syn Ljouwerter tiid wie hy aktyf yn regionale en lanlike oerlisorganen fan teaterdirekteuren. Oostvogel wie bestjoerslid fan it Oerol-festival op Skylge.

Ek wie er in driuwende krêft achter Club Diplomatique Fryslân en de Friesche Compagnie, netwurkklups foar fertsjintwurdigers út it bedriuwslibben, ûnderwiis, oerheid en kulturele wrâld. Hy sette in soad nije aktiviteiten op, dy 't nei syn ôfskied bestean bleaune. ,,Oan dizze ynspirator en strategyske tinker ha Fryslân en de teaterwrâld in soad te tankjen’’, seit kommissaris Brok.

Under lieding fan Oostvogel is it tal foarstellings en it tal besikers yn de Harmonie tanommen. Ferline jier wûn it teater de lanlike Roel Oostrapriis, as meast gastfrije skouboarch.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.