Aktiviteiten 75 jier frijheid yn Fryslân fersobere of útsteld troch it coronavirus

Om de fersprieding fan it coronafirus tsjin te gean wurdt ek yn Fryslân de fiering fan 75 jier frijheid flink fersobere. Dit betsjut dat in protte eveneminten en aktiviteiten yn it ramt fan 75 jier befrijing yn in oare foarm trochgean, of hielendal net.

De provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert sille letter besjen oft in tal aktiviteiten yn 2021 alsnoch plakfine kinne.

It beslút om alle aktiviteiten foar no stop te setten, oars yn te foljen of út te stellen, is net foar te kommen no’t it kabinet oant 1 juny in ferbod foar alle fergunningsplichtige en meldplichtige eveneminten en in ferbod foar hast alle oare gearkomsten oankondige hat.

It Befrijdingsfestival op 5 maaie, De terugkeer van Joodse kinderen, de tonielfoarstelling Skaad en it teaterstik De Joodse Bruiloft binne inkele eveneminten dy’t dit jier net trochgean. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok en boargemaster mr. S. van Haersma Buma fan Ljouwert neame it ‘tige spitich’ en tagelikertiid ‘onvermijdelijk’. Brok: “It coronavirus hâldt ús allegear yn’e besnijing. We moatte der meielkoar foar soargje dat wy troch dizze krisis komme. Wy moatte ús hâlde oan rjochtlinen. Dat betsjut dat wy 75 jier frijheid no net fiere kinne as we betocht hiene.”

Buma: “Natuurlijk is het jammer dat veel activiteiten niet doorgaan. In sommige gevallen is er meer dan een jaar aan gewerkt. Maar de gezondheid en de veiligheid van iedereen moet in deze tijd voorop staan.” Fanwegen de fiering fan 75 jier befrijing stiene tsientallen akitiviteiten op stapel. By guon projekten wie de provinsje of gemeente opdrachtjouwer.

De provinsje en gemeente wolle de kommende tiid yn petear mei de organisatoaren om te besjen oft dizze inisjativen yn 2021 alsnoch trochgong fine kinne.

“Heel Nederland is getroffen door de crisis. Om verdere besmettingen te voorkomen moeten we contacten vermijden en helaas kunnen de evenementen daardoor niet doorgaan”, seit Jorrit Volkers, foarsitter fan it Bevrijdingsfestival, ien fan de aktiviteiten. In mogelijke ferpleatsing fan in tal aktiviteiten nei takom jier is organisatoarysk in grutte útdaging. De kommende tiid sille belutsen partijen fierder oerlizze. Dan sil der ek mear dúdlik wurde oer wat de ôfsûnderlike projekten besletten ha.  

De provinsjale deadebetinking op 4 maaie sil sober wêze, sûnder publyk. Provinsje en gemeente tinke tegearre nei oer in respektfolle en passende ynfolling. Dit wurdt de kommende tiid fierder útwurke.

Pagina opties