Advys oan minister foar tagonklikens it Amelân

Dit bericht is niet meer actueel

Alle mooglike oplossingen foar de tagonklikens fan it Amelân moatte yn byld brocht wurde. Dat is it advys fan de provinsje Fryslân, de gemeenten it Amelân en Noardeast-Fryslân oan minister Cora van Nieuwenhuizen fan Ynfrastruktuer en Wettersteat. It giet om it ferbetterjen fan de besteande farferbining, ferpleatsing fan it oanlisplak fan de fearboat fan Holwert nei Ferwert en in tunnel.

Der binne gjin ienfâldige oplossingen foar it tagonklikheidsprobleem fan it Amelân. Der binne grutte fertragings op de rûte. Om betroubere reistiden garandearje te kinnen binne radikale maatregels nedich. Dy moatte idealiter yn 2029 klear wêze, it jier dat de nije fergunning foar it ferfier nei it Amelân yngean sil.

Mear ûndersyk

Alle trije senario’s hawwe wat foar en tsjin. Mear ûndersyk is nedich om in ôfwoegen kar te meitsjen. It advys oan de minister is dêrom de trije senario’s ûnderdiel útmeitsje te litten fan de ferkenning. De partijen freegje de minister sa gau as mooglik de baten en kosten fierder út te wurkjen en sa in foarkar oplossing te kiezen.

Yn septimber 2018 binne provinsje Fryslân, gemeenten it Amelân en Noardeast-Fryslân yn opdracht van de minister set mei it ferkennen fan oplossingen foar de lange termyn foar de berikberens fan it Amelân nei 2029. Dat diene sy ûnder lieding fan Rykswettersteat.

Pagina opties