33 gegadigden foar boargemasterspost Amelân

Dit bericht is niet meer actueel

Trijentritich persoanen ha sollisitearre nei de fakature fan boargemaster fan it Amelân. Der reagearden 22 manlju en 11 froulju.

Njoggen kandidaten binne tusken de fjirtich en fyftich jier âld, santjin tusken de fyftich en de sechstich. Der sitte fiif sechstichplussers by. Fan twa kandidaten is de leeftiid net bekend. De measte gegadigden binne lid fan de VVD (10), folge troch in lokale partij (5), D66, FNP en GrienLinks (elts 4), 50+, PVV en de PvdA (elts 2), SP (1). Ien kandidaat is partijleas.

De ferwachting is dat de nije boargemaster yn janneweris 2020 begjinne kin. Op dit stuit is Gerard van Klaveren waarnemend boargemaster fan it eilân.

De kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok hat nei oerlis en yn mienskiplikens mei de betrouwenskommisje in seleksje út de sollisitanten makke. De betrouwenskommisje krijt alle sollisitaasjebrieven te sjen. De kommisje praat mei kandidaten en bringt oan de gemeenteried ferslach út, foarsjoen fan in konseptoanbefelling. De ried beslút úteinlik hokker twa kandidaten op de oanbefelling komme te stean, en yn hokker folchoarder.

De minister van Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes en de ministerried folgje yn harren foardracht oan de Kroan yn begjinsel de oanbefelling fan de ried. De Kroan beneamd ferfolgens de nije boargemaster per Keninklik Beslút.

Pagina opties