17 o/m 23 febrewaris ferkearshinder by brêge Dronryp

Dit bericht is niet meer actueel

Sa’t earder al bekende makke is, kriget brêge Dronryp yn de krookjefakânsje nije assen. Dat is nedich om it tikjende lûd by it iepen- en tichtgean fan de brêge te ferhelpen.

De brêge oer it Van Harinxmakanaal is dêrom fan moandei 17 febrewaris 7:00 oere oant en mei snein 23 febrewaris 18:00 oere ôfsletten foar autoferkear. Fytsers, fuotgongers, scooters en brommers kinne der wol oerhinne. Foar de skipfeart wurdt de brêge yn dit tiidrek net betsjinne.

Om de tikjende assen ferfange te kinnen, docht de oannimmer it brêgedek wat omheech. Autoferkear kin dan net oer de brêge en wurdt omlaat. It tariedende wurk begjint op tongersdei 13 febrewaris en it lêste wurk is yn de wike fan 24 febrewaris klear.

Oersjoch fan 'e omlieding brêge Dronryp

Klik op 'e ôfbylding foar in gruttere kaart

Pagina opties