100.000 euro foar greidefûgelbehear

Boeren, dy’t lân yn in greidefûgelkearngebiet hawwe, kinne fan 10 desimber 2018 oant en mei 22 jannewaris 2019 subsydzje foar greidefûgelbehear oanfreegje.

It subsydzje is bedoeld foar it wieter meitsjen fan it lân. It oanfreegjen giet fia de agraryske kollektiven. Der is € 100.000,- subsydzje beskikber.

Wiete grûn is goed foar greidefûgels. It wieter meitsjen fan de grûn kin troch it wetterpeil te ferheegjen of troch stikken lân ûnder wetter rinne te litten (spliswiet gebieten). Ek it ynrjochtingswurk dat dat mooglik makket, falt ûnder de subsydzjeregeling. Tink dêrby oan it oanbringen fan (kear)dammen. It subsydzje is bedoeld foar maatregels dy’t noch foar it briedseizoen fan 2019 útfierd wurde kinne.

It oanfreegjen en bedraggen

It oanfreegjen fan subsydzje ferrint fia it agrarysk kollektyf dêr’t de boer by oansletten is. De kollektiven stelle fêst wêr’t en hokker behear- en ynrjochtingsmaatregels effektyf foar greidefûgels binne. It kombinearjen fan maatregels, lykas letter meane en it wieter meitsjen fan de grûn, kin ekstra effektyf wurkje. De kollektiven beoardielje dan ek hoefolle subsydzje boeren krije. Foar it opheegjen fan it wetterpeil is it subsydzje 100 euro de bunder. It subsydzje foar spliswiet gebieten is ôfhinklik fan it tiidrek dat it lân ûnder wetter stiet.

Greidefûgels hearre yn it Fryske lânskip

Greidefûgels hearre by de Fryske kultuer en it Fryske lânskip. Sa briedt 40% fan de Europeeske skriezen yn Fryslân. De provinsje is ferantwurdlik foar it yn stân hâlden fan greidefûgels. It wieter meitsje fan it lân soarget foar mear iten en in stadiger groei fan it gers. Greidefûgels profitearje dêrfan.

Mear ynformaasje

Mear ynformaasje oer it iepenstellen fan de regeling is te finen op www.fryslan.frl/weidevogels of fia de agraryske kollektiven. Fragen kinne ek steld wurde by it Klant Kontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 – 292 59 25.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.