Nijs

  • 64 Fryske Ryksmonuminten krije opknapbeurt

    64 Fryske Ryksmonuminten krije subsydzje fan de provinsje. Restauraasje, werbestemming en ûnderhâld is hjirmei mooglik. It giet om in totaalbedrach fan 1,9 miljoen euro.

  • Soargen om finansjele posysje Thialf

    Thialf docht it goed as it reedriidhert fan de wrâld foar de topsport en breedtesport, mar stiet der finansjeel min foar. Dit blykt út de earste jiersifers 2018-2019 dy’t koartlyn oan de oandielhâlders presintearre binne. Ut de sifers blykt in tekoart fan hast € 700.000,- dat yn 2019-2020 noch fierder op rinne sil. De grutste oarsaak is it stigjen fan de kosten foar enerzjy. De provinsje Fryslân en de gemeente Hearrenfean, mei mei-inoar 100% fan de oandielen yn besit, hawwe hjoed de gemeenteried en provinsjale steaten ynformearre. Thialf giet de kommende moannen oan de slach mei in plan om kosten te ferleegjen en harren ynkomsten te ferheegjen.

  • Band WIEBE wint Bernlefpriis 2019

    De band WIEBE is de winner fan de Bernlefpriis 2019. Deputearre Sietske Poepjes rikte de priis freed 20 desimber út oan de band WIEBE yn popsintrum Neushoorn yn Ljouwert. Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter krigen by de útrikking op de Friese Popawards in sjek fan € 1500.

  • Dykgraaf Van Erkelens riddere

    Dykgraaf Paul van Erkelens (1953) fan Wetterskip Fryslân is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy krige de fersiersels woansdeitemidje by syn ôfskie yn Snits opspjelde troch kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok. Van Erkelens krijt de ûnderskieding foar syn fertsjinsten as dykgraaf en bestjoerlike funksjes dy’t hy dernjonken hie.

  • Nije brêge Wjelsryp iepen foar ferkear

    De brêge yn de N384 oer de Frjentsjerter Feart by Wjelsryp is ferfongen. Yn it nije ûntwerp is de trochfearthichte fan 2.40m nei 2.60m oanpast. De haadrydbaan is wer beskikber foar it ferkear oer de dyk. Der jildt noch wol in beheining foar de faasje fan 50 km/oere omdat der noch ferskate saken dien wurde moatte.

  • Evaluaasje jout oan: Fryske Guozzeoanpak wurket

    Skea troch guozzen oan boerelân is de lêste twa jier delgien. Dat komt ûnder oare trochdat guozzen yntinsiver ferjeid binne nei fûrazjeargebieten. Trochdat de guozzen dêr benammen by-inoar sitte, is de fretskea bûten de fûrazjeargebieten beheind.

  • IMF-subsydzje foar 22 projekten yn Noardwest Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Noardwest Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 oan 22 inisjativen út de mienskip subsydzje. Mei-inoar giet der rom € 180.000,- nei projekten foar leefberens yn dizze regio.

  • Gearwurkjende partijen tekenje foar Holwert oan See

    Hjoed hawwe Stifting Holwert oan See, Vogelbescherming Nederland, Provinsje Fryslân, Gemeente Noardeast-Fryslân en Wetterskip Fryslân in yntinsje oerienkomst tekene om mei-inoar it projekt ‘Holwerd aan Zee’ rjochting realisaasje te bringen. Mei it tekenjen fan dy oerienkomst komt de feitlike útfiering fan dit baanbrekkende projekt in flinke stap tichteby.

  • Provinsje Fryslân liedt needklok jeugdsoarch

    De tekoarten yn it sosjale domein drukken in grutte stimpel op de gemeentebegruttingen. Fryslân liedt de needklok by it Ryk: der moat struktureel ekstra jild foar jeugdsoarch nei de gemeenten.

  • Utwreiding subsydzjeregeling IMF

    De provinsjale doarpshuzeregeling wurdt fan 1 jannewaris 2020 ôf kombinearre mei it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Dermei komt de besteande doarpshuzeregeling te ferfallen. Dizze wurdt ferfongen troch de regeling ‘moetingsplakken’. Hjirfoar wurdt in ekstra kategory oant € 75.000,- oan it IMF tafoege.

  • Ôfskied deputearre Johannes Kramer

    Nei rom twa perioaden lid west te hawwen fan it kolleezje fan Deputearre Steaten en dêrfoar acht jier lid fan Provinsjale Steaten fan Provinsje Fryslân, nimt deputearre Johannes Kramer ôfskied.

  • Fryslân stimt ûnder foarbehâld yn mei lanlike beliedsregels stikstof

    De provinsje Fryslân hat ûnder foarbehâld ynstimt mei de lanlike foarstelde beliedsregels. Dizze regels hâlde better rekken mei de belangen fan de Fryske (agraryske) bedriuwen. It úteinlike beslút wachtet op it stânpunt fan it kabinet oer it beweidzjen en bedongje en de ynfloed dêrfan op de foarstelde beliedsregels.

  • Sirkulêr asfalt op nije N381

    Moandeitemoarn is om 8 oere útein set mei it frezen fan 7,2 km asfalt fan de âlde rydbaan fan de N381 tusken Donkerbroek en Easterwâlde. Dat asfalt wurdt troch Heijmans bewurke en komt yn ‘e maitiid fan 2020 wer folslein op de nije rydbaan werom.

  • Goed Frysk ûnderwiis freget geduld

    It ûnderwiis yn it Frysk is op in soad basisskoallen yn Fryslân noch net yn oarder. In soad skoallen fine it dreech om it fak goed oan te bieden. Dat skriuwt de Ynspeksje fan it Ûnderwiis hjoed yn in parseberjocht oer har ûndersyk nei it Frysk. De provinsje Fryslân lûkt oan de skoalbel en wiist de skoallen op harren eigen ferantwurdlikheid.

  • Oanfoljende oanpak wetterkrassula Skylge

    De wetterkrassula op Skylge is noch net fuort nei de oanpak fan de ôfrûne twa jier. Der is noch in kâns dat it slagget om de eksoat fuort te heljen, dêrom start de provinsje Fryslân yn desimber mei in oanfoljende oanpak. Hjir stelt it kolleezje nochris ien miljoen euro foar beskikber.

  • Miks fan maatregels biedt kânsen foar Feangreide

    In miks fan maatregels biedt it bêste perspektyf om boaiemdelgong en CO2-útstjit tsjin te gean en tagelyk de lânbou in duorsum takomstperspektyf te bieden. Dit blykt út de maatskiplike kosten-batenanalyze (MKBA) ‘Remming boaiemdelgong Frysk feangreidegebiet’, dy’t provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân opstelle lieten.

  • IMF-subsydzje foar 37 projekten yn Súdwest Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Súdwest Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 subsydzje oan 37 inisjativen út de mienskip.

  • IMF-subsydzje foar 23 projekten yn Súdeast Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Súdeast Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 oan 23 inisjativen út de mienskip subsydzje.

  • IMF-subsydzje foar 29 projekten yn Noardeast Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Noardeast Fryslân jout yn de tredde tender fan 2019 oan 29 inisjativen út de mienskip subsydzje. Alle projekten byinoar soargje foar in ynvestearring fan mei-inoar hast € 1,4 miljoen euro yn de leefberens fan dy regio.

  • Kultureel libben moat Fryslân yn beweging hâlde

    In bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip. Dat is wêr’t de provinsje Fryslân har op rjochtet mei de nije beliedsnota Nij Poadium foar de perioade 2021 oant en mei 2024. Yn dat plan steane ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. Dy freegje foar de hiele perioade om in ynvestearring fan 144.710.500 euro.

  • Undersyk Ryk en regio nei Lelylijn

    Der komt in ûndersyk nei de potinsje fan de Lelylijn. De ministers Cora van Nieuwenhuizen (Ynfrastruktuer en Wettersteat) en Stientje van Veldhoven (Miljeu en Wenjen) en in delegaasje fan noardlike bestjoerders hawwe dat woansdei ôfpraat.

  • Nij natuergebiet Séfonsterpolder te keap

    Ynteressearren kinne fan hjoed ôf biede op rom 25 hektare natuer yn Gaasterlân tusken Riis en Aldemardum. Deputearre Hoogland pleatste fan ’e middei it ferkeapboerd yn de Séfonsterpolder. Provinsje Fryslân hat dat gebiet resint ynrjochte as natuer en ferkeapet it ûnder de betingst dat it natuer bliuwt.

  • Fytspaad Reitlânsfeart by Ryptsjerk iepene

    Hjoed (21 novimber) is it fytspaad lâns de Reitlânsfeart tusken Ryptsjerk en Hurdegaryp iepene. Yn ‘e mande mei de doarpsbelangen fan Ryptsjerk en Hurdegaryp, bern fan CBS Alpha út Ryptsjerk en Amber Vis iepene wethâlder Tytsy Willemsma it paad.

  • Subsydzje foar proef pop up-hotelkeamers yn Fryske tsjerken

    Yn 2020 is der yn Fryslân in proef mei pop up-hotelkeamers yn tsjerken. It is in inisjatyf fan “Heilige Nachten”. De provinsje stelt 45.000 euro subsydzje beskikber foar de proef en de opstartfase.

  • Ferfolchpetear mei Fryslân oer stikstofproblematyk

    Dizze wike krije de petearen oer de stikstofproblematyk mei de belanghawwende sektoaren yn Fryslân in ferfolch. Fertsjintwurdigers fan lânbou, natuer, bou, transport en bedriuwslibben sille tegearre yn petear oer hoe it proses foar koarte- en langetermynoplossingen derút sjen moat.

  • Rom baan foar natoer op provinsjale grûn

    Foar grûn dy’t de provinsje ferpachtet jilde mei yngong fan takommend jier nije regels foar it fersterken fan natoer, bioferskaat en miljeukwaliteit. It giet om lân dat de provinsje op it stuit net nedich hat en agrariërs pachte kinne.

  • Fryslân jout kleur oan Roze Zaterdag

    Roze Zaterdag krijt €100.000 stipe fan de provinsje.  Yn it wykein fan 19, 20 en 21 juny 2020 is Ljouwert it lanlike poadium foar Roze Zaterdag. Hjirmei jout Fryslân syn kleur oan frijheid, tolerânsje en leafde sûnder grinzen. Roze Zaterdag is opnommen yn it ynhâldlik program fan LF2028.

  • Provinsjaal geurbelied foar bedriuwen

    Der binne geurregels foar bedriuwen opsteld. Hjirmei kin de provinsje de tastiene geuroerlêst troch bedriuwen yn de gaten hâlde. Dit moat besteande geuroerlêst werombringe en takomstige problemen foarkomme.

  • Tiisdei FIT-test foar brêge Burgumerdaam

    Tiisdei 12 novimber fiert provinsje Fryslân mei Rykswettersteat testen út oan de brêge Burgumerdaam. De saneamde FIT-test (Functionele Inspectie en Testen) is tusken 8.00 en 17.00 oere. De brêge kin dêrtroch tusken dy tiden faker of wat langer as wenstich iepen stean.

  • Mear jild en fernijingsplicht foar Fryske Akademy

    Mear jild foar de Fryske Akademy. Mar ek ekstra ferplichtings. Sa wol it kolleezje fan Deputearre Steaten de Akademy helpe om harsels fuort te sterkjen en in nije wei op te gean.

  • Nije subsydzjeregeling foar Enerzjykoöperaasjes

    Fan 15 novimber ôf kinne enerzjykoöperaasjes yn Fryslân gebrûk meitsje fan in nije subsydzjeregeling, de Voucherregeling foar Enerzjykoöperaasjes. Yn de pot sit € 100.000. Dêrmei wreidet de provinsje de al besteande MKB-voucherregeling út.

  • Konstruktyf oerlis omskeakeling boeren Skier

    Boeren op Schiermonnikoog, de provinsje Fryslân en de gemeente ha konstruktyf oerlis hân oer de fuortgong fan de omskeakeling fan boeren op it eilân nei in mear ekstensive foarm fan buorkjen.

  • Bewenners oerhannigje plannen Aldegea

    Op freed 1 november hawwe bewenners út Aldegea de takomstplannen foar harren doarp en it havengebiet presintearre. Dizze plannen binne bondele yn it Ontwerp Masterplan Waterfront Oudega. Deputearre Avine Fokkens-Kelder en wethâlder Robert Bakker krigen de earste eksemplaren.

  • 189 subsydzje-oanfragen by Iepen Mienskipsfûns yntsjinne

    Yn Fryslân brûst it fan de inisjativen. Mar leafst 189 inisjatyfnimmers hawwe yn de tredde subsydzjeperioade fan 2019 in berop dien op it Iepen Mienskipsfûns (IMF). Mei dy subsydzjeregeling stipet provinsje Fryslân projekten fan ynwenners, dêr’t de leefberens yn wyk, doarp, stêd of op it eilân mei ferbetteret.

  • Mooglik yn 2020 wer hurdfarre op ‘e Burgumer Mar

    De proef mei it hurdfarren op ‘e Burgumer Mar kriget in ferfolch yn 2020, as it oan de provinsje leit.

  • Subsydzje foar it ferbetterjen fan Fryske winkelgebieten

    Fan 8 novimber ôf kinne Fryske winkeljuferienings, ûndernimmers en gemeenten subsydzje oanfreegje foar it ferbetterjen fan harren winkelgebiet.

  • Mei ynhijsen beweechber diel is biokomposyt fytsbrêge Ritsumasyl kompleet

    Fan ' e middei is it beweechber diel fan de biokomposyt fytsbrêge Ritsumasyl mei in grutte kraan op it plak hyst. Justerjûn is it 32 meter lange biokomposyt brêgediel al oer de wei fan Breukelen nei Ljouwert ta brocht. Fan ‘e moarn is it mei in ponton nei de lokaasje oer it Van Harinxmakanaal fearn.

  • G.J. Douma út Snits tenei Keninklik

    G.J. Douma út Snits mei him tenei Keninklik neame. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok makke dat freed bekend by de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan it bedriuw. It is de 32ste organisaasje yn Fryslân dy ’t it predikaat krigen hat.

  • Provinsje lûkt beliedsregels stikstof yn

    De provinsje Fryslân lûkt de beliedsregels stikstof yn. Dat makke deputearre Johannes Kramer op freedtemiddei 11 oktober bekend. Dat die de deputearre yn it bywêzen fan in grut tal protestearjende boeren dy 't mei trekkers nei it Provinsjehûs kommen wiene.

  • Fergunningferliening foar in part wer fan start

    De tolve provinsjes hawwe nije beliedsregels fêststeld foar it ferlienen fan fergunningen op grûn fan de Wet natuerbeskerming. Fan 11 oktober 2019 ôf kinne der wer fergunningen ferliend wurde. Tastimming foar stikstof relatearre aktiviteiten wurde wer mooglik, salang as de aktiviteiten net liede ta in nije stiging en yn folle gefallen feitlik ta in delgong fan stikstofbelêsting.

  • Elmo Vermijs wint Vredeman de Vries Priis foar Foarmjouwing 2019

    Elmo Vermijs fan Studio Elmo Vermijs wint de provinsjale designpriis mei it ûntwerp Gegrond. In projekt oer de Skylger polder yn opdracht fan it Oeral festival en Vogelbescherming Nederland.

  • Undersyk gefolgen stop sâltwinning Easterbierrum

    De bestjoerskommisje Franekeradeel-Harlingen ûndersiket hokker gefolgen it stopjen fan de sâltwinning súdlik fan Easterbierrum hat foar de gebietsûntwikkeling yn it boaiemdelgonggebiet Noardwest-Fryslân. Dit kin nei ferwachting ein 2019 dúdlik wêze. Frisia Zout BV makke dizze wike bekend dat de sâltwinning stoppe is by Easterbierrum.

  • Subsydzje foar 10 projekten oer 75 jier frijheid

    Tsien projekten út Fryslân oer de 75-jierrige frijheid krije subsydzje fan de provinsje. Yn totaal krije sy 400.000 euro út de subsydzjeregeling ’75 jier frijheid Fryslân’. De projekten stean stil by wat der yn de oarloch bard is en fiere de frijheid dy’t wy takom jier 75 jier kenne.

  • Undersyk nei situaasje metaalhannel Hearrenfean klear

    Ut it ûndersyk nei de ferhege metaalwearden yn it ôffalwetter op Ecopark de Wierde yn Hearrenfean komt gjin ûndûbelsinnige boarne nei foaren. Wol is it oannimlik dat stof ôfkomstich fan metaalhannel De Horne laad hat ta de ferhege wearden.

  • Brêge yn Riedsterwei feestlik iepene

    Groep 7 en 8 fan basisskoalle De Oanset út Rie iepenen freedtemoarn 27 septimber feestlik de brêge yn de Riedsterwei. Yn ‘e mande mei wethâlder Caroline de Pee fan gemeente Waadhoeke, deputearre Johannes Kramer fan provinsje Fryslân en Hepke Bijma, foarsitter fan bestjoerskommisje Franekeradeel-Harlingen, knipten sy in flachjeslint troch mei in reuzeskjirre.

  • Tiid foar folgjende stap winkelleechstân noardlike provinsjes

    De trije noardlike provinsjes hawwe yn de ôfrûne perioade al op ferskate wizen wurk makke fan de leechstân fan winkels. Underwilens is it oantal leechsteande winkels daald en is winkelromte út de merk helle. Dit blykt út in ûndersyk nei leechsteande winkelpanden yn Noard Nederlân. Mar strukturele leechstân bliuwt in soarch.

  • Moandei wurksumheden brêge Burgumerdaam

    Moandei 30 septimber fiert provinsje Fryslân tegearre mei ûnderhâldspartner Spie wurksumheden út oan ‘e brêge Burgumerdaam. De wurksumheden hawwe plak tusken 09.00 oere en 16.00 oere. De brêge kin hjirtroch faker of justjes langer as gewoanwei iepen stean.

  • Spoarwurksumheden ekstra sneltrein yn Fryslân yn 2020

    Wurksumheden oan it spoar tusken Grins en Ljouwert dy’t plend stiene foar de hjerstfakânsje (16 o/m 27 oktober), ferskowe foar in part nei takom jier. It giet om oanpassings oan stasjons, oerwegen en perrons by it Fryske part fan it trajekt del. De wurksumheden yn Grins geane troch.

  • Gysbert Japicxpriis 2019 foar Aggie van der Meer

    De Gysbert Japicxpriis wurdt fan ‘t jier takend oan skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert. Deputearre Sietske Poepjes hat Aggie van der Meer hjoed in besite brocht om dat feestlike nijs persoanlik te fertellen. Op sneon 16 novimber wurdt de Gysbert Japicxpriis 2019 yn de Martinitsjerke in Boalsert útrikt.

  • Wurk oan De Skieding 7 oktober los

    Fan moandei 7 oktober oant en mei sneon 12 oktober is De Skieding ôfsletten foar al it trochgeande ferkear. Fan de A7 (Fryske Peallen) oant de rotonde Groningerstraat kriget de provinsjale dyk (N358) in nije laach asfalt. Provinsje Fryslân hat hjoed it wurk oan De Skieding gund oan Jansma Drachten B.V.

  • Fluggere busferbinings en maatwurk op it plattelân

    Fluggere (haad)ferbinings, maatwurk op it plattelân, oantreklike OV-knooppunten en safolle as mooglik busferfier sûnder útstjit. Dit binne wichtige útgongspunten foar it busferfier yn 2022-2032.

  • Begrutting 2020: Fryslân set yn op gearwurking

    It jier 2020 stiet foar de provinsje benammen yn it ramt fan nij belied. It nije kolleezje set it lok fan de Fryske mienskip op 1 en dat freget in nije manier fan sjen nei it Fryske belied. Finansjeel stiet Fryslân der ek oars foar dan fjouwer jier lyn. Deputearre Steaten presintearret hjoed de Begrutting 2020, dizze beslacht € 430 miljoen.

  • Skea troch guozzen fan ‘t winter mei 7% delgien

    Guozzen hawwe de ôfrûne winter sân prosint minder skea oan gerslân oanrjochte, yn ferliking mei mei de twa winters dêrfoar. De skea yn euro’s komt út op likernôch njoggen miljoen.

  • Provinsje Fryslân ynvestearret yn proeftún ‘Aardgasvrij Garyp’

    De gemeente Tytsjerksteradiel is mei it doarp Garyp ien fan de 27 wiken en doarpen fan ‘Proeftuin Aardgasvrije Wijken’ fan it ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. De provinsje Fryslân hat hjirfoar in subsydzje fan ienkear 250.000 euro takend. Dat is ornearre foar û.o. ekstra begelieding fan bewenners, it flugger ûntwikkeljen fan it projekt, oanfoljende kommunikaasje en it fasilitearje kinnen fan it ûnderwiis.

  • Startskot Fryske kampanje Drek op ‘e dyk yn Morra

    Op woansdeitemiddei 18 septimber waard it startskot fan de Fryske kampanje Drek op ‘e dyk jûn. Deputearre Avine Fokkens-Kelder hong tegearre mei Jelle Boerema, wethâlder fan ‘e gemeente Noardeast-Fryslân, it earste spandoek fan de kampanje op by leanwurkbedriuw J.K. Dijkstra & Zn. yn Morra.

  • Lânlik ynfestearringsfûns jout Fryslân kânsen

    De provinsje reagearret posityf op de Troanrede en de Miljoenennota. Dy biede in soad oanknopingspunten. It regear set yn op plannen dy't de leefberens fan it plattelân fersterkje en ekonomyske kânsen benutsje.

  • Minsken mei ûnderfining ynsette by minsken mei beheinde taalfeardigens

    Minsken mei ûnderfining op dat mêd ynsette yn bygelyks bedriuwen om minsken mei beheinde taalfeardigens te sinjalearjen en harren fierder te helpen, is tige weardefol. Dat is ien fan de útkomsten fan it ûndersyk dat Stichting Lezen en Schrijven en Bureau Maak & Vermaak hjoed presintearren.

  • 33 gegadigden foar boargemasterspost Amelân

    Trijentritich persoanen ha sollisitearre nei de fakature fan boargemaster fan it Amelân. Der reagearden 22 manlju en 11 froulju.

  • Fryske Akademy

    Wat is nedich om de Fryske Akademy takomstbestindich en robúst te meitsjen? En hoe kin de Fryske Akademy yn in sterke Fryske kennisynfrastruktuur goed gearwurkje mei oare wittenskiplike organisaasjes?

  • Ympuls foar ynsektefreonlike gebieten

    Dit jier en takom jier fiert de provinsje trije projekten út dy’t bydrage oan bewustwurding oer it weromrinnen fan de ynsektestân en it kreëarjen fan in better libbensfermidden foar ynsekten. Aksjes dy’t op de lange termyn bydrage, wurde opnommen yn it bioferskaatwerstelprogramma foar de provinsje Fryslân.

  • Fryslân beheint tal damherten

    De populaasje damherten yn Fryslân moat beheind wurde om oanridings en natuerskea foar te kommen. Dat hat de provinsje besletten. De Faunabehearienheid sil dêrfoar in plan opstelle.

  • Subsydzje foar húsdokters yn Fryslân

    Húsdokters kinne subsydzje oanfreegje foar it ferbouwen fan besteande of de bou fan nije praktiken yn Fryslân. Dêrfoar is € 325.000,-- beskikber. De provinsje wol dêrmei bydrage oan it fuortbestean fan de soarch troch húsdokters yn Fryslân.

  • Ferskate subsydzjeregelingen fia Streekwurk iepensteld

    Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 16 septimber 2019 ôf subsydzje by Streekwurk oanfreegje. Streekwurk koördinearret ferskate subsydzjeregelings, dy’t inisjativen út de mienskip stypje. Yn dizze subsydzjeperioade is hast 3,5 miljoen euro foar hiel Fryslân beskikber.

  • IMF-subsydzje foar 20 projekten yn Súdeast Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Súdeast Fryslân jout yn de twadde tender fan 2019 oan 20 inisjativen út de mienskip wei subsydzje. Alle projekten mei-inoar soargje foar in ynvestearring fan hast € 800.000 yn de leefberens fan dy regio.

  • Hurdfarre fan ’t jier taboe op ‘e Burgumer Mar

    It hurdfarren op ‘e Burgumer Mar is yn 2019 net mear tastien, sa hat de rjochtbank fan ‘e middei besletten.

  • Subsydzje foar húsdokters yn Fryslân

    Húsdokters kinne subsydzje oanfreegje foar it ferbouwen fan besteande of de bou fan nije praktiken yn Fryslân. Dêrfoar is € 325.000,-- beskikber.

  • Subsydzjeregeling 75 jier frijheid Fryslân

    Inisjatyfnimmers kinne in provinsjale bydrage oanfreegje foar projekten dy’t te krijen hawwe mei 75 jier befrijding yn Fryslân.

  • IMF-subsydzje foar 27 projekten yn Noardwest Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Noardwest Fryslân jout yn de twadde tender fan 2019 oan 27 inisjativen út de mienskip wei subsydzje. Alle projekten soargje mei-inoar foar in ynvestearring fan goed 650.000 euro yn de leefberens fan dy regio.

  • Regio Deal Natoerynklusive lânbou makket wurk fan in fitaal plattelân

    In goeie balâns tusken lânbou, natuer en omjouwing fan de leefberens. Dêr sille de trije noardlike provinsjes harren de kommende fjouwer jier meiïnoar ekstra foar ynsette. Tegearre mei de agrariërs, lânboupartners, grûneigeners, kennisynstellingen en maatskiplike organisaasjes.

  • IMF-subsydzje foar 27 projekten yn Súdwest Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Zuidwest Fryslân jout yn de twadde tender fan 2019 subsydzje oan 27 inisjativen út de mienskip. Al dizze projekten tegearre drage by oan de leefberens fan dizze regio foar in ynvestearring fan goed € 1,6 miljoen euro.

  • Ljochtkeunst en ferhalen yn Novimber Festivalmoanne

    Novimber is yn it Kulturele Haadstêdjier beneamd ta weromkommende Festivalmoanne. In moanne lang hawwe der ferskate eveneminten yn Ljouwert plak, as ûnderdiel fan de legacy fan Kulturele Haadstêd. Foar ljochtfestival LUNA en Story Valley, twa ûnderdielen fan de festivalmoanne, stelt provinsje Fryslân € 50.000,- en € 40.000,- beskikber. 

  • Mkb voucherregeling foar bedriuwsûntwikkeling ophege

    Der is ekstra jild beskikber foar Fryske bedriuwen dy’t harren bedriuw fierder ûntwikkelje of groeie litte wolle. Foar it ûnderdiel bedriuwsûntwikkeling fan de mkb voucherregeling wie de pot foar dit jier yn maaie al leech. Hjirfoar komt út oare dielen fan de regeling no 225.000 euro ekstra beskikber.

  • Betsjinning 40 Fryske brêgen út nije sirkulêre sintrale wei

    It bouteam dat oan ’e slach giet mei de nije sintrale foar ôfstânsbetsjinning fan brêgen, is fan ’e middei offisjeel fan start gien. It wurk is gund oan Bouwgroep Dijkstra Draisma.

  • Fytstunnel Goddeloaze Singel iepene

    De foarsitter fan de Gebietsûntwikkelingskommisje De Centrale As, Bertus Mulder, en wethâlder Kees Wielstra fan Dantumadiel hawwe niiskrekt – freed 5  july – de fietstunnel by de Goddeloaze Singel iepene. Se diene dit yn ‘e mande mei skoalbern fan basisskoallen De Frissel en de Theun de Vriesskoalle út Feanwâlden. Troch de oanlis fan de fietstunnel hoege fytsers en kuierders tenei net mear gebrûk te meitsjen fan de oerwei en kinne sy feilich it spoar passearje.

  • Nije Fryske staveringshifker yn Microsoft Office

    Fryske brûkers fan Microsoft Office kinne fan hjoed ôf gebrûk meitsje fan in nije Fryske staveringshifker. De Fryske taal is no beskikber yn de standert staveringshifker yn de Office-programma’s Word, Excel, Outlook en PowerPoint. De nije taalhelp waard hjoed presintearre op it provinsjehûs.

  • Sudergoabrêge Warkum opknapt en oer op ôfstânsbetsjinning

    De renovaasje fan de Sudergoabrêge yn Warkum is klear. Dêrneist is de brêge oer op ôfstânsbetsjinning út de sintrale yn Ljouwert wei. Deputearre Fokkens iepene fan ’e middei de brêge foar de lêste kear mei de hân, wêrnei’t de twa brêgewachters dy’t jierrenlang op de brêge wurke hawwe, dertroch fearen.

  • Nije útsjochtoer ‘Skarrekiker’ is klear!

    Mei de nije útsjochtoer is de natuerynrjochting yn de Himrikkerskarren klear. Woansdeitemoarn 3 july wie de feestlike oplevering. Dêrby waard ek de namme fan de útsjochtoer ûntbleate: Skarrekiker. De ynrjochting fan de Himrikkerskarren biedt romte foar natuerûntwikkeling, mar ek oan minsken. Fan de útsjochtoer ôf kinne sy genietsje fan it útsicht op de streamdelling fan it Alddjip.

  • Deputearren ferdiele provinsjale ûnderwerpen

    De ûnderwerpen dêr 't de provinsje oer giet, binne juster ûnder de deputearren ferdield. Dat barde yn de earste gearkomste fan it nije kolleezje fan Deputearre Steaten. Yn ferhâlding mei de foarriedige portefuljeferdieling binne der in pear feroarings.

  • IMF-subsydzje foar 30 projekten yn Noardeast Fryslân

    It Iepen Mienskipsfûns Noardeast Fryslân jout yn de twadde tender fan 2019 subsydzje oan 30 inisjativen út de mienskip wei. Alle projekten mei-inoar soargje foar in ynvestearring fan rom 1,3 miljoen euro yn de leefberens fan dizze regio.

  • Nije deputearren en nije Steateleden ynstallearre

    Yn in bysûndere gearkomste fan Provinsjale Steaten fan Fryslân op woansdei 26 juny, hawwe Provinsjale Steaten it nije kolleezje fan Deputearre Steaten foar de kommende fjouwer jier ynstallearre.

  • Behear reeën rjochte op it beheinen fan oanridings

    Mei yngong fan takom jier is it behear fan reeën yn Fryslân rjochte op it beheinen fan oanridings. De populaasje reeën moat dan sa beheard wurde, dat der net mear as fiifhûndert oanridings jiers op it Fryske fêstelân binne. Mei it nije belied wurdt behear op grûn fan in doelstân (maksimaal tal reeën yn Fryslân) loslitten.

  • Sâlt grûnwetter rukt op troch stiging seespegel

    Wiete winters en drûge simmer soargje foar gruttere skommelings fan de grûnwetterstân. Troch stiging fan de seespegel streamt der yn de takomst hieltyd mear sâlt grûnwetter fanút de Waadsee it fêste lân fan Fryslân yn.

  • Rêst, romte en ferdivedaasje by de Fryske Iselmarkust

    Better wetterbehear troch klimaatferoaring, minder ôffal en fergriemerij, ynvestearje yn akkommodaasjes, nije fakânsjeparken en attraksjes, boeren helpe by de oergong nei natuerfreonliker foarmen fan lânbou.

  • Earste wapenfeiten legacy Kulturele Haadstêd

    In winterjûnenochtjûn is de ûndertitel fan de Verhalenavond dy’t op 15 novimber yn hiel Fryslân plak hat.

  • Nije speedboat PW 5 foar mear kontrôles op it wetter

    Mei it jitten fan in glês sjampanje oer it dek is fan ‘e middei de PW 5 offisjeel doopt troch Regina Bouius-Riemersma (algemien direkteur Provinsje Fryslân). Dizze nije speedboat set de provinsje foar ferskate kontrôles yn op en om it wetter.

  • Ministerried beneamt nije bestjoersleden advysorgaan DINGtiid

    De ministerried beneamt Jan Koster mei yngong fan 1 juny as foarsitter fan it advysorgaan DINGtiid. Jan Koster wie oant begjin 2018 direkteur fan Omrop Fryslân. Ek Hedzer Klarenbeek is beneamd ta nij bestjoerslid fan it advysorgaan DINGtiid.

  • Dei fan de Bou by de N381

    Altyd al ris yn in nije ûndertrochgong en efter bouhekken stean wollen? Sneon 15 juny is dy unike mooglikheid der op ‘e ‘Dei fan de Bou’ by ’t West yn Donkerbroek. Kom del op dy iepen dei en sjoch it fakmanskip fan tichteby.

  • Slûs Koarnwertersân wurdt breder

    It beslút om de slûs Koarnwertersân breder te meitsjen en de brêgen te fernijen is nommen. Dat hat minister Van Nieuwenhuizen hjoed bekend makke. Foar dit projekt is jierrenlang troch ûndernimmers, gemeenten en provinsjes lobbyd.

  • Pilot hurdfarre op de Burgumer Mar set 15 juny útein

    Fan sneon 15 juny oant en mei 15 septimber 2019 is hurdfarre op de Burgumer Mar tastien. Dat mei tusken 9:00 en 18:00 oere, binnen de giele boeien dy’t it gebiet markearje.

  • Rom 2,7 miljoen euro foar natuer en rekreaasje yn Alde Feanen

    Der is rom 2,7 miljoen euro beskikber foar de werynrjochting fan de Alde Feanen. De provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, gemeente Smellingerlân, Gemeente Tytsjerksteradiel en It Fryske Gea drage hjir oan by.

  • 5 nominearren Gysbert Japicxpriis 2019

    Fiif Fryske skriuwers binne nominearre foar de Gysbert Japicxpriis. De meast wichtige literêre priis fan Fryslân. Fan ’t jier wurdt de priis útrikt foar de kategory proaza.

  • Provinsjale Steaten kieze leden Earste Keamer

    De leden fan Provinsjale Steaten fan Fryslân ha hjoed - moandei 27 maaie - stimd foar de leden fan de Earste Keamer fan de Steaten-Generaal. De 75 leden fan de Earste Keamer wurde keazen troch de leden fan de tolve Provinsjale Steaten. De ferkiezings fûnen moandeimiddei yn alle provinsjes tagelyk plak.

  • Gerdinefabryk Vriesco tenei Keninklik

    Gerdinefabryk Vriesco út Ljouwert mei him tenei Keninklik neame. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok makke dat freed bekend by de fiering fan it hûndertjierrich bestean fan de it bedriuw.

  • Ynfarre ‘flap’ nije brêge Dronryp

    De montaazje fan de nije brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp is útein set. De earste twa pylders binne mei help fan in grutte kraan teplak set.

  • Floatskou en Elske DeWall by jubileumfeest Steatejacht yn Grou

    Yn Grou is sneon 25 maaie it jubileumfeest ta eare fan it 125 jierrich Steatejacht, dat dizze wike 65 jier yn besit is fan de provinsje Fryslân.

  • Geitestop yn Fryslân jildt foarearst foar in jier

    De foarlopige stop op geitehâlderijen bliuwt noch in jier jilden. Wol past de provinsje de foarlopige stop op in pear punten oan. Yn febrewaris kundige de provinsje in stop oan op basis fan in advys fan GGD-Fryslân.

  • Gerrit Hiemstra hâldt Rede fan Fryslân

    Waarman Gerrit Hiemstra hâldt op 3 oktober de njoggende Rede fan Fryslân. Ûnderwep is de klimaatferfoaring. Neffens Hiemstra sil de opwaarming fan de ierde ympakt ha op hiele maatskippij.

  • CdK-penning foar boeierkommisje Steatejacht

    De boeierkommisje fan it Steatejacht hat hjoed de CdK-penning krigen fan kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok.

Pagina opties