Nijs

  • Kabinet set ek ‘Lok op 1’

    (15-09-2020)

    De koroanakrisis hat sjen litten hoe fearkrêftich Nederlân is en wat der wier ta docht: sûnens, famylje, freonen. It giet net allinne om it Bruto Nasjonaal Produkt, mar om ús Wolwêzen. Lykas Fryslân set ek it kabinet hjir no op yn. Mei grutte ynvestearrings yn û.o. feangreide, ûnderwiis en ynfrastruktuer lûkt it kabinet de ekonomy wer los en set dêrnjonken yn op safolle mooglik baanbehâld.

  • Fryske Anjer 2020 foar Fryske band De Kast

    (10-09-2020)

    De Fryske band De Kast kriget fan ’t jier de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.

  • Tredde faze werynrjochting Alde Feanen yn útfiering

    (05-09-2020)

    It lêste diselgemaal fan Fryslân waard op freed 4 septimber noch ien kear oansetten.

  • Kening en Keningin bringe streekbesite oan Súdeast-Fryslân

    (03-09-2020)

    Syn Majesteit Kening Willem-Alexander en Har Majesteit Keninginne Máxima bringe tongersdei 17 septimber in streekbesite oan Súdeast-Fryslân. It Keninklik Pear giet nei de gemeenten Opsterlân, Smellingerlân en Eaststellingwerf. De besite rjochtet him op 'e takomst fan 'e provinsje, mei spesjaal omtinken foar de agraryske sektor, de Fryske taal en kultuer en duorsumens.

  • Mooglik gjin twadde fergêster yn Marrum

    (02-09-2020)

    De provinsje is fan doel om de fergunnings foar de ko-fergêster yn Marrum yn te lûken. Dat omdat der sûnt 2008 gjin konkrete stappen makke binne om de fergêster te realisearjen. Yn 2008 en 2011 waarden de fergunnings, dy’t de komst fan in ko-fergêster yn Marrum mooglik makken, al ferliend. Dêrneist sil it troch de hjoeddeistige stikstofproblematyk dreech wêze om op grûn fan de Wet natuurbescherming in fergunning te ferlienen.

  • Kyl duorsum ynspeksjeskip lein

    (02-09-2020)

    Hjoed is de basis lein foar de bou fan in nij ynspeksjeskip foar provinsje Fryslân. Yn ien fan de hallen fan Scheepswerf Talsma yn Frjentsjer fersoarge deputearre Avine Fokkens-Kelder in ûnderdiel fan it lizzen fan de kyl fan it skip. It giet om in folslein elektrysk skip mei in lingte fan goed 15 meter. “In oanwinst foar op it Fryske farwetter. Wat duorsumens en sirkulariteit oanbelanget wurdt dit echt in eigentiidsk skip”, seit Fokkens-Kelder. Yn ‘e simmer fan 2021 is de nije PW10 klear om te brûken.­­­

  • Regeling helpt maatskiplike sektor ‘troch de tiid’

    (01-09-2020)

    It Fryske ferieningslibben giet yn koroanatiid safolle mooglik troch: foar it nimmen fan maatregels om oan de koroanarjochtlinen te foldwaan stelt provinsje Fryslân in subsydzje beskikber. Der is foar hiel Fryslân € 375.000,- beskikber om aktiviteiten yn de oardelmetermaatskippij te stypjen. De regeling giet op 7 septimber iepen.

  • Friezen lêze en skriuwe mear Frysk

    (01-09-2020)

    It tal Friezen dat Frysk lêze en skriuwe kin, is yn de lêste 12 jier in bytsje tanommen. Dat docht bliken út De Fryske Taalatlas 2020, de Fryske taal yn byld. Hast 6.500 ynwenners fan Fryslân follen in enkête yn oer it gebrûk en it eigen nivo fan de Fryske taal. It persintaazje ynwenners dat Frysk ferstiet en sprekt is stabyl bleaun.

  • Natuerynrjochting by De Hoeve set útein

    (31-08-2020)

    Dizze wike begjint de gebietskommisje Beekdal Linde mei de ynrjochting fan goed 35 bunder natuer foar Natuurnetwerk Nederland by De Hoeve. In wichtich ûnderdiel is it werombringen fan twa stikken fan de âlde rin fan de beek de Lende. Ek komme in pear âlde petgatten werom yn it lânskip, wurdt in inkeld perseel ôfplagge en binne der maatregels om wetter fêst te hâlden en stadiger ôf te fieren.

  • Stevige ympuls foar oplieding en staazjeplakken

    (27-08-2020)

    ​Bedriuwen en organisaasjes kinne in bydrage oanfreegje foar opliedingskosten fan meiwurkers en foar it begelieden fan in stazjêr.

  • Natuerûntwikkeling by Oude Bosch set útein

    (26-08-2020)

    By Oude Bosch, tusken Wynjewâld en Bakkefean, wurde fan ein augustus ôf inkelde perselen fan Staatsbosbeheer ynrjochte foar Natuurnetwerk Nederland.

  • Inisjatyfrike Friezen mei goede projektideeën socht

    (25-08-2020)

    Friezen mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, stêd of op harren eilân te ferbetterjen, kinne fan 7 septimber oant en mei 1 oktober 2020 wer subsydzje oanfreegje út it Iepen Mienskipsfûns. Der is 1.355.000 euro beskikber foar hiel Fryslân.
     

  • In takomst- en wetterbestindich Fryslân

    (25-08-2020)

    De provinsje Fryslân set yn op in takomst- en wetterbestindich Fryslân en wurket dêrom oan in Regionaal Wetterprogram.

  • Kolumn fan de Kommissaris fan ’e Kening drs. A.A.M. Brok

    (21-08-2020)

    Oan de begjin fan de koroanakrisis skreau ik hjir dat we ús der op ynstelle moasten dat wy mei-inoar noch wol in skoft op ‘e rûge see sitte soene. Jo meie bêst witte dat ik noch nea sa hurd hope ha dat ik ûngelyk krije soe. Mar it pakt dus oars út.

  • Wiete natuer foar kwetsbere soarten by Koudum

    (20-08-2020)

    Fan ‘e hjerst set it opknappen fan mei-inoar 58 bunder natuer yn it Natura 2000-gebiet by de Galamadammen by Koudum útein. Maatregels om it gebiet wieter te meitsjen moatte de natuer dêr helpe him fierder te ûntwikkeljen. Dêr profitearje fûgels en fisken fan, mar ek seldsume soarten as de Noardske wrotmûs.

  • Nij fytspaad by Ryptsjerk iepen

    (03-07-2020)

    De earste fytsers dy’t oer it nije fytspaad lâns de N361 fytsten, waarden feestlik ûnthelle mei wat lekkers. Fan hjoed ôf kinne sy feilich fan Ryptsjerk rjochting Swarteweisein en Tytsjerk fytse. Eartiids moasten sy de provinsjale dyk N361 oerstekke om by it krúspunt E10 te kommen.

  • Tritich miljoen euro foar fernijing yn kultuer

    (30-06-2020)

    It kulturele libben yn Fryslân krijt de kommende jierren in flinke oppepper. Seis musea en sânentweintich keunstorganisaasjes krije de kommende fjouwer jier subsydzje om nij elan te jaan oan it kultueroanbod. Provinsje Fryslân folget hjirmei it advys fan twa ûnôfhinklike advyskommisjes. It giet om in totaalbedrach fan goed 30 miljoen euro.

  • Keninklike ûnderskieding foar Ira Judkovskaja

    (25-06-2020)

    Yn Ljouwert is fannemidje artistyk direkteur fan Tryater Ira Judkovskaja beneamd ta Ridder in de Orde van Oranje-Nassau. Kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok rikte de fersiersels út by de ôfskiedsbyienkomst fan Judkovskaja yn it Tryater gebou.

  • Fiskmigraasjerivier brûkt grûn op ‘en nij

    (11-06-2020)

    Wa’t oer de Ofslútdyk rydt, sjocht yn de Iselmar by Koarnwertersân skippen yn ‘e baan mei bulten grûn. It binne de tariedings foar de oanlis fan de westkant fan de Fiskmigraasjerivier en in neistlizzend natuereilân fan Windpark Fryslân.

  • Fryslân komt mei 11 ekstra werstelmaatregels

    (09-06-2020)

    De provinsje Fryslân set € 5 miljoen ekstra yn om bedriuwen en organisaasjes te stypjen dy’t troch de koroanakrisis rekke binne.

  • Nije regeling foar toerismesektor yn koroanatiid

    (09-06-2020)

    Ûndernimmers yn de Fryske rekreaasje- en toerismesektor kinne stipe krije út in oardelmeter-regeling. De provinsje jout oant 1500 euro subsydzje foar oanpassingen dy’t bedriuwen dwaan moatte foar de oardelmeter-ekonomy. Der is 1 miljoen euro beskikber. Provinsjale Steaten moatte der op 24 juny noch wol in beslút oer nimme.

  • Sân Fryske foto’s keazen foar ‘De Tweede Wereldoorlog in honderd foto’s’

    (01-05-2020)

    Op 4 maaie wurdt bekend makke hokker foto’s it Nederlânske publyk keazen hat foar ‘De Tweede Wereldoorlog in honderd foto’s’. Dêrmei is ek bekend hokker foto’s út Fryslân dêr diel fan útmeitsje.

  • Oprop Waadeilannen: bliuw safolle mooglik thús

    (27-03-2020)

    De boargemasters fan de fiif Waadeilannen dogge yn oansluting op de lanlike rjochtlinen fan de regearing en it RIVM in oprop oan toeristen om yn de kommende wiken safolle mooglik thús te bliuwen. De boargemasters wolle sa de risiko’s foar eilanners en gasten om mei it coronafirus besmet te wurden safolle mooglik beheine.

  • In wurd fan de Kommissaris fan de Kening, drs. A.A.M. Brok

    (21-03-2020)

    Bêste minsken,

    It komt der op oan. It corona-firus hâldt de wrâld, it lân en Fryslân yn ‘e besnijing. De maatregels reitsje elkenien. Bern bliuwe thús fan skoalle, minsken moatte thús wurkje, kafees binne ticht, tsjerketsjinsten wurde ôfsein en pake en beppe krije gjin besite mear…  

  • Wat tinke jo fan ús Omjouwingsfisy?

    (10-12-2019)

    Yn ús wen- en leefomjouwing komme in soad wichtige ûnderwerpen by-inoar. Lânskip, ferkear, wetter, wenjen, natuer, bedriuwichheid, miljeu. Ensafuorthinne.

  • Rede fan Fryslân

    (03-10-2019)

    Utsprutsen troch Gerrit Hiemstra op tongersdei 3 oktober 2019 yn de Steateseal yn it Provinsjehûs yn Ljouwert.

  • Taspraak KfdK A.A.M. Brok by ynstallaasje boargemaster Buma 26 augustus 2019

    (28-08-2019)

    Taspraak kommissaris fan de Kening drs. A.A.M. Brok by de ynstallaasje fan boargemaster Sybrand Buma op 26 augustus 2019.

  • Gjin ekstra belesting foar frachtweinen autodyk Ljouwert-Harns

    (26-06-2019)

    Frachtweinen hoege fan 2023 ôf gjin heffing te beteljen foar harren ritten oer de A31 tusken Ljouwert en Harns. De mienskiplike lobby fan de provinsje Fryslân en de gemeenten is dêrmei slagge. Dat foarkomt mooglik slûpferkear fan 400 ekstra frachtweinen deis op de N359 tusken Boalsert en Ljouwert.

Archief

Pagina opties