Miljeuklachten

Is der haast by? Skilje 112. Is der gjin haast by, mar wolle jo dochs mei de plysje prate? Skilje yn dat gefal 0900-8844.

Wat te dwaan by driuwende klachten?

Driuwende klachten oer wetter- en grûnfersmoarging, fiskstjerte, oaljelossings, stank- en stofoerlêst fan fabriken of lûdoerlêst kinne jo it bêste tillefoanysk melde by it miljeu-alarmnûmer (058-212 24 22). Dat nûmer is 24 oere deis berikber. By in melding nimt de provinsje Fryslân of Wetterskip Fryslân de klacht yn behanneling en siket sa gau mooglik in passende oplossing. Eventueel ferwize wy jo nei in oare ynstânsje troch.

Wat moatte jo dwaan by minder driuwende klachten?

As jo in minder driuwende klacht hawwe oer ien fan de neikommende ûnderwerpen, dan kinne jo dy by de provinsje fia it klachteformulier melde.

  • lûdoerlêst, stank en fersmoarging fan bedriuwen. As it bedriuw net ûnder it foechhawwend gesach fan de provinsje falt, dan kinne jo de gemeente skilje. As net dúdlik is wa't it foech hat of as jo algemiene fragen oer ‘it miljeu' hawwe, dan kinne jo it miljeu-alarmnûmer fan de provinsje skilje (058-212 2422);
  • ûntgrûnings;
  • ûnregelmjittichheden yn de natuer (floara en fauna), bygelyks yllegale houtkap en it yllegaal jeien;
  • hygiëne en feiligens fan swimplakken (oerflaktewetter).

Wannear skilje jo de gemeente?

  • by klachten oer it sammeljen fan ôffal en húshâldôffal;
  • by klachten oer it ferwurkjen fan grûn;
  • by klachten troch oerlêst fan hoareka of buorlju (jûns en it wykein de plysje);
  • by oerlêst troch meepsenêsten..

 Wannear skilje jo Wetterskip Fryslân?

  • by klachten oer fersmoarging fan it oerflaktewetter yn kanalen;
  • by skea oan diken, teweibrocht troch wetterkninen.

It tillefoannûmer fan Wetterskip Fryslân is: 058 - 292 22 22. Sjoch ek www.wetterskipfryslan.nl

Wannear skilje jo Plysje Fryslân?

  • by rûzje tusken buorlju;
  • yn gefaarlike situaasjes.

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.