Ynformaasje en help foar ûndernimmers

Jo kinne by Ynbusiness mei al jo ûndernimmersfragen telâne, ek as jo fragen hawwe fanwegen de coronakrisis. Sjoch ek www.ynbusiness.nl.

De wichtichste taak fan Ynbusiness is it stypjen fan ûndernimmers by de ûntwikkeling en groei fan harren bedriuw. De spesjalisten fan Ynbusiness hawwe in breed netwurk yn Fryslân en helpe jo op wei.

Ynbusiness is in mienskiplik inisjatyf fan it bedriuwslibben, de provinsje Fryslân, de F4-gemeenten (Ljouwert, it Hearrenfean, Smellingerlân en Súdwest-Fryslân), en it Fryske heger en middelber beropsûnderwiis, ferbûn yn it Ynnovaasjepakt Fryslân (IPF).

Ynbusiness is op telefoannûmer 058 - 760 05 00 te berikken. Ek kinne jo in soad ynformaasje op dizze side fine.

Provinsje Fryslân komt ûndernimmers op ferskate manieren temjitte:

  • útwreiding Voucherreling MKB Fryslân 2020 mei mooglikheden foar it bij-  en omlearen fan personiel. Lês mear
  • útstel ôflossing en rente ((hjoeddeistige) lieningen fan FOM / NV NOM mei op syn heechst trije moannen;
  • Betaaltermijn fan Provinsje Fryslan fan 21 dagen nei 7 dagen;
  • Earstelijns tsjinstferliening fia Ynbusiness;
  • Provinsje Fryslan lûkt tegearre mei it Rijk op wat giet om fierdere ûntjouwing en útfiering BMKB;

Gemeentelike- en rijksregelingen

It Rijk en de Fryske gemeenten biede ek ferskate regelingen oan foar ûndernimmers. Foar persoanlik advys oer gemeentlike regelingen, kinne jo it bêste kontakt opnimme mei jo gemeente.

Op de webside van Ynbusiness stiet in dúdlik, kompleet oersjoch fan alle gemeentlike, provinsjale en rijksregelingen.

Fryske coronamonitor

Yn de crisis bringen wy alle moannen in coronamonitor út. Yn de monitor steane in beskriuwing en ferklearring fan de sichtbere en te ferwachtsjen ekonomyske gefolgen fan de COVID-19 útbraak yn ús provinsje. Mear ynformaasje oer de coronamonitor fine jo hjir.

Pagina opties