Provinsjale maatregels by subsydzjes fanwegen it coronafirus

Troch it útbrekken fan it COVID-19-firus is it fanwegen de maatregels dy’t troch it Kabinet ôfkundige binne, foar in tal fan jimme, net mooglik om plande subsydzje-aktiviteiten út te fieren. De provinsje kriget dêr in soad fragen oer. Hjirby wolle wy jimme oanjaan hoe’t wy yn de ûnderskate situaasjes mei de gefolgen fan de Ryksmaatregels omgeane.

De aktiviteit wurdt útsteld

Wannear’t de subsidiearre aktiviteiten op in letter stuit fan ’t jier útfierd wurde, of as aktiviteiten troch de coronakrisis net útfierd wurde lykas yn jimme projektplan beskreaun stiet, dan kinne jimme dy wiziging maile nei subsidies@fryslan.frl ) stjoere of maile nei subsidies@fryslan.frl en jou dêryn de start- en/of eindatum fan jimme aktiviteiten oan en as it mooglik is de plande nije eindatum fan jimme aktiviteit en eventuele oare wizigings yn de útfiering fan jimme projekt. Wy sille mei foarrang op dy wizigingsfersiken reagearje.

De aktiviteit giet hielendal net troch

Yn dat gefal dat nei subsidies@fryslan.frl  maile ûnder opjefte fan reden mei in fersyk it subsydzje no al fêst te stellen, as al kosten makke binne. Dêrby sille wy de al makke kosten, dy’t foar subsydzje yn ‘e beneaming kamen op grûn fan it ferliende subsydzje, nei ridlikens en binlikens subsidiearje. Der wurdt fan jimme in maksimale ynspanning ferwachte om ûnnedige kosten foar te kommen en safolle mooglik gebrûk te meitsjen fan foarlizzende foarsjennings, bygelyks fan in fersekering of Ryksmaatregels. Jimme moatte dat by it fêststellingsfersyk taljochtsje.

Jimme ynstelling kriget in boekjiersubsydzje

  • Jimme hawwe in aktiviteiteplan by ús yntsjinne op grûn wêrfan ’t jimme fan ús subsydzje krige hawwe. Wy fersykje jimme op subsidies@fryslan.frl te melden hokker aktiviteiten fan ’t jier net mear útfierd wurde en wat de finansjele gefolgen dêrfan foar it jiersubsydzje binne. Wy besjogge dan nei ridlikens en binlikens wat de mooglike gefolgen foar it subsydzje fan dit jier binne.
  • Wannear’t troch de hjoeddeistige maatregels oantoanber ‘cashflow’-problemen ûntstien binne, dy’t net troch in oare foarsjenning oplost wurde kinne, dan kin in fersyk foar in oanpast betelskema yntsjinne wurde.

Jimme krije in subsydzje fia RVO.nl

Yn it gefal dat de subsydzjeûntfangers subsydzje fan RVO krije freegje wy jimme om mei RVO kontakt op te nimmen.

Ek by oare fragen oer jimme subsydzje dy’t hjirboppe net beneamd binne, freegje wy jimme om kontakt mei de ôfdieling Subsydzjes fia subsidies@fryslan.frl  op te nimmen. Fermeld dêrby dúdlik it saaknûmer fan jimme subsydzjebeslút. Dat fine jimme altyd yn de oanhef fan ús beslút.

Foar alles jildt: Ûndersykje earst oft jimme gebrûk meitsje kinne fan de needmaatregels dy’t troch it ryk of jimme gemeente ynsteld binne.

Del te laden:

Pagina opties