Meast stelde fragen

Wat betsjut it coronafirus foar ús organisaasje? Op dizze side inkelde fragen dy’t der mooglik binne oer ús wurk en de tsjinstferliening yn dizze perioade, mei dêrby in antwurd.

Hoe dogge de meiwurkers harren wurk?

By provinsje Fryslân wurket it grutste part fan de organisaasje thús. De bûtenlokaasjes wurde foar in grut part sletten. Guon parten fan it provinsjehûs geane ticht, mar meiwurkers wurdt ûnder strange betingsten en allinne as it needsaaklik is tagong tastien. De organisaasje hat dêr in struktuer foar optúgd en mei de meiwurkers dield.

Wy dogge der alles oan om de tsjinstferliening yn Fryslân op peil te hâlden: saken as it betsjinjen fan brêgen en ûnderhâld fan diken geane ek gewoan troch.

Is it provinsjehûs sletten?

Nee, it provinsjehûs is iepen. Wy hantearje oanpaste iepeningstiden. It provinsjehûs is iepen fan 07.00 – 17.00 oere. Allinne meiwurkers mei wurk dat net thús dien wurde kin, wurdt by needsaak tastimming ferliend. It algemiene telefoannûmer fan provinsje Fryslân is beheind berikber; graach maile nei provincie@fryslan.frl.

Geane de gearkomsten lykas Steategearkomsten, presintaasjes en ûntfangsten troch?

Wy ûntfange gjin besite op it provinsjehûs. Gearkomme dogge wy op ôfstân: fia telefoan en de digitale wei.

Alle eveneminten dy’t troch de provinsje (mei) organisearre wurde, binne annulearre, útsteld of ferpleatst.

De Steateleden komme fysiek gear, yn beheinde oantallen mei de koroanamaatregels yn acht nimmend.. Dizze gearkomsten kinne jo folgje op www.fryslan.frl/ps. Dêr kinne jo ek de PS-aginda fine.

Tsjinstreizen (binnen- en bûtenlân) ûndernimme wy net. Wy ûntfange ek gjin gasten.

Komme de subsydzjebetellingen en oare betellingen fan de kant fan de provinsje yn gefaar as meiwurkers frege wurdt om út hûs wei te wurkjen?

De organisaasje is al in skoft dwaande om har ta te rieden op dizze krisissituaasje. Ús systemen binne op oarder. Betellingen kinne gewoan dien wurde. Ûntfangsten ek. Wy hawwe goed yn byld wat nedich is om de kontinuïteit fan bestjoer en bedriuwsfiering feilich te stellen, en dy komt dan ek net yn gefaar. Wy folgje de ûntwikkelingen op ‘e foet, en stelle ús rjochtlinen by as dêr oanlieding ta is.

Hokker rol hat de provinsje in dizze krisis?

Yn Fryslân wurkje ûnderskate organisaasjes gear om besmettings fan it coronafirus foar te kommen en de gefolgen fan it nije firus te beheinen. Wy folgje de lanlike maatregels. Krekt as de Fryske gemeenten is de provinsje Fryslân dêrby oanheakke. De provinsje folget dêryn de advizen fan GGD Fryslân en Veiligheidsregio Fryslân.

Pagina opties