Maatregels foar partners en it iepenbier ferfier

Op dizze side fine jo de maatregels dy't provinsje Fryslân yn ‘e mande mei partners nommen hat mar ek de maatregels wat it iepenbier ferfier oangiet.

Mei ús partners nimme wy sels de folgjende maatregels:

  • Utstel fan betelling by de MKB-krediten fan de Fryske Untwikkelingmaatschappij (FOM) en de NOM;
  • Wy betelje faktueren foar produkten en tsjinsten dy’t wy ôfnimme binnen 7 dagen ynstee fan yn 21 dagen;
  • Fia Ynbusiness soargje wy derfoar dat ynformaasje foar ûndernimmers goed te finen is. Ynbusiness is der ek no foar help yn ‘e earste line;
  • Wy arbeidzje mei it Ryk op foar de BMKB (Borgstelling MKB-krediet), meiwurkers fan de FOM en de NOM binne beskikber om it Ryk te helpen by it operasjoneel meitsjen fan dizze regeling;
  • Foar ús kulturele sektor sille wy kûlanter om gean mei subsydzjes en de jierôfspraken 2020. 

Besjoch ús berjocht op LinkedIn

Iepenbier ferfier

Dêrnjonken binne wy as provinsje opdrachtjouwer foar it regionaal iepenbier ferfier. De gefolgen foar de ferfiersbedriuwen foar spoar, bus, mobiliteitssintrale en opstapper binne grut. Sa nimt de fraach nei ferfier sterk ôf troch it massale thúswurkjen en de sluting fan skoallen. De iepenbierferfiersbedriuwen passe de tjinstregelingen hjirop oan om de gefolgen te beheinen en dochs berikberheid fan de kearnen te garandearjen. Yn oparbeidzjen mei oare opdrachtjouwers (Ryk, provinsjes en gemeenten) leveret de provinsje Fryslân maatwurk yn dizze útsûnderlike situaasje.

Pagina opties