Coronafirus (COVID-19)

Yn Fryslân wurkje ferskillende organisaasjes gear om besmettingen fan it coronafirus foar te kommen en de gefolgen fan it firus te beheinen. Krekt as de Fryske gemeenten is ek provinsje Fryslân dêr by oansletten. De provinsje folget dêryn de advizen fan de GGD Fryslân en Veiligheidsregio Fryslân.

Wizige tsjinstferliening

As gefolch fan de lanlike maatregels is de provinsjale organisaasje allinne beskikber foar de meast needsaaklike tsjinstferliening. Provinsje Fryslân is te berikken fia provincie@fryslan.frl.

Meast stelde fragen - coronafirus organisaasje

Lanlike maatregels

It kabinet besleat op tiisdei 17 novimber dat de koroanamaatregels yn Nederlân wer wat soepeler wurde mar foar in diel  giet de lockdown fierder.

Op 30 septimber ferskynde fia Veiligheidsregio Fryslân de needferoardering dy’t dêr foar Fryslân by heart.

Provinsjale maatregels

De provinsje Fryslân nimt as gefolch fan de maatregels fan it regear sels ek maatregels om organisaasjes yn ‘e provinsje te helpen yn dizze krisistiid.

Mear ynformaasje oer it coronafirus:

  • Wolle jo mear witte oer it firus en wat jo dwaan kinne om foar te kommen dat jo siik wurde? Mear ynformaasje fine jo op ‘e webside fan GGD Fryslân, de webside fan de Ryksoerheid en op ‘e webside fan it RIVM;
  • Hawwe jo nei it lêzen fan de ynformaasje op de dyselde websiden noch fragen oer it firus? Nim dan kontakt op mei it publyksynformaasjenûmer fan de Ryksoerheid fia 0800-1351. Fan it bûtenlân út is it nûmer te berikken troch te skiljen nei +312 0205 1351;
  • Foar fragen oer de eigen sûnens: nim kontakt op mei jo húsdokter of mei GGD Fryslân op 088 – 229 92 22 (op wurkdagen tusken 09.00 - 17.00 oere). Besjoch earst de neamde websiden foardat jo skilje.
  • GGZ Friesland hat in corona lústerservice opset. Hjir kinne alle Friezen mei psychische fragen terjochte.
  • Werstelpakket ‘Lok op 1: No en Moarn

    Provinsje Fryslân set € 5 miljoen ekstra yn om bedriuwen en organisaasjes, dy’t troch de koroanakrisis rekke binne, te stypjen. It ekstra jild is bedoeld as oanfoljende needhelp op de maatregels fan it Ryk en de al oanpaste provinsjale regelingen. De brede wolfeart en sirkulêre ekonomy binne de útgongspunten fan it pakket mei alve maatregels. Besjoch op dizze side in oersjoch fan alle maatregels. 

  • Noodverordening COVID-19 veiligheidsregio Fryslân

    Op 9 novimber hat de foarsitter fan veiligheidsregio Fryslân, Mr. S van Haersma Bjuma, bekendmakke dat hy de Noodverordening COVID-19 veiligheidsregio Fryslân fêststeld hat.

  • Fryske coronamonitor

    De Fryske coronamonitor is foar it simmerreses tolve kear ferskynd. Tidens it reses ferstjoere wy gjin monitors, mits der gjin wichtige ûntjouwingen plakfine. De monitor befettet in beskriuwing fan de ekonomyske effekten dy't de Covid-19 útbraak hat yn ús provinsje.

  • Ynformaasje en help foar ûndernimmers

    Jo kinne by Ynbusiness mei al jo ûndernimmersfragen telâne, ek as jo fragen hawwe fanwegen de coronakrisis.

  • Provinsjale maatregels by subsydzjes fanwegen it coronafirus

    Troch it útbrekken fan it COVID-19-firus is it fanwegen de maatregels dy’t troch it Kabinet ôfkundige binne, foar in tal fan jimme, net mooglik om plande subsydzje-aktiviteiten út te fieren. De provinsje kriget dêr in soad fragen oer. Hjirby wolle wy jimme oanjaan hoe’t wy yn de ûnderskate situaasjes mei de gefolgen fan de Ryksmaatregels omgeane.

  • Maatregels foar partners en it iepenbier ferfier

    Op dizze side fine jo de maatregels dy't provinsje Fryslân yn ‘e mande mei partners nommen hat mar ek de maatregels wat it iepenbier ferfier oangiet.

  • Meast stelde fragen

    Wat betsjut it coronafirus foar ús organisaasje? Op dizze side inkelde fragen dy’t der mooglik binne oer ús wurk en de tsjinstferliening yn dizze perioade, mei dêrby in antwurd.

Pagina opties