Oer Provinsjale Steaten

Wat dogge Provinsjale Steaten

Alle provinsjes hawwe harren eigen folksfertsjinwurdiging: de Provinsjale Steaten. Ienris yn de fjouwer jier binne dêr ferkiezings foar. Oan de ferkiezings dogge lanlike partijen mei, mar lokale partijen kinne ek meidwaan.

Provinsjale Steaten binne it heechste orgaan yn de provinsje en binne te ferlykjen mei bygelyks in Twadde Keamer of in gemeenteried. Provinsjale Steaten bepale it belied op haadlinen en kontrolearje oft dat goed útfierd wurdt.

Taken PS:

  • kaders en grinzen stelle foar it belied; beslisse oer de regels fan de provinsje;
  • kontrolearje oft it deistich bestjoer (it kolleezje fan DS) syn wurk goed docht;
  • de ynwenners fan Fryslân fertsjintwurdigje.

De ynwenners fan Fryslân kieze de leden fan de Provinsjale Steaten. Foar Steateleden is it wichtich om te witten wat de ynwenners fan Fryslân dwaande hâldt. Om dat oan ‘e weet te kommen, geane se op wurkbesite en prate se mei minsken. Jo kinne ek sels kontakt opnimme mei Steateleden of ynsprekke oer bepaalde ûnderwerpen yn in byldfoarmjende kommisje of Steatemerk.

Wolle jo mear ûnderfine oer hoe’t Provinsjale Steaten wurkje? Jo kinne in part fan de dei meirinne as Gast van de Steaten of foar in oare aktiviteit kieze.

Mear ynformaasje oer Provinsjale Steaten? Besjoch de fideo fan ProDemos op YouTube foar in wiidweidige útlis.

Kontakt mei Provinsjale Steaten

Kontakt mei Provinsjale Steaten as gehiel rint fia de Steategriffy. De Steategriffy helpt Provinsjale Steaten by it útfieren fan harren kontrolearjende, ramtstellende en fertsjintwurdigjende funksje. De Steategriffy hâldt har dwaande mei sekretariële, advisearjende en prosesmjittige taken foar Provinsjale Steaten en de Steatekommisjes.

Wolle jo alle steateleden fan eat op ‘e hichte bringe?

Jo kinne út de neikommende twa mooglikheden kieze.

Jo stjoere in brief nei PS fia statengriffie@fryslan.frl.

Dit bart der mei jo brief:

De griffy registrearret jo skriuwen en set it op de list fan ynkommen stikken. De aktuele list wurdt alle moandeis yn omtinken fan de steateleden brocht. De politike fraksjes kieze sels wat sy mei jo brief dogge. Sy kinne dy bygelyks op de wurklist fan in oerlis sette. It kin ek wêze dat sy kontakt mei jo sykje, of de ynhâld allinne foar kundskip oannimme.

Alle stikken dy’t troch PS behannele wurde, falle ûnder de Wet Openbaarheid van Bestuur. De griffy set alle fia har ynkommen stikken dêrom op de webside fan PS. Persoanlike gegevens wurde ûnsichtber makke.

Om alle steateleden yn ien kear te berikken sûnder tuskenkomst fan amtners of de griffy, maile jo nei staten@fryslan.frl.

Dit bart der mei jo brief:
It brief komt by alle steateleden yn de mailbox. It brief wurdt net sintraal registrearre en ek net op de webside set.
Mooglik beslute Provinsjale Steaten dochs om jo brief yn in gearkomste te behanneljen. Yn dat gefal wurdt it dan noch by de iepenbiere gearkomstestikken opnommen.

Jo fine Provinsjale Steaten op:

Kontaktgegevens Steategriffy

Groepen

Benijd hoe’t it is om Steatelid te wêzen? Krûp ris yn it fel fan in steatelid!

Dat kin op ferskate wizen.

Gast fan de Steaten

Fan tichtby meimeitsje hoe’t de steateleden debattearje oer wichtige saken yn de provinsje Fryslân?
En benijd nei de gong fan saken yn it Provinsjehûs en de Steateseal?
Meld jo dan oan as Gast fan de Steaten.

Programma

As gast fan de steaten wurde jo op de steatedei ûntfongen troch twa steateleden. Under it geniet fan in kopke kofje jouwe hja in koarte útlis oer hoe’t in gearkomste fan Provinsjale Steaten om en ta giet en wat der dy dei op de wurklist stiet. Dêrnei kinne jo fan de publike tribune ôf de gearkomste folgje.

Dêr wurde jo troch de foarsitter fan PS, kommissaris fan de Kening Brok, wolkom hjitten. Om 11 oere hinne wurde jo ophelle foar in kofjeskoft, folge fan in rûnlieding troch it Provinsjehûs. Ta ôfsluting skowe jo oan by it middeismiel fan de steateleden.

Data

Yn de regel is der ienris yn de moanne op woansdeis gelegenheid om Gast fan de Steaten te wêzen. Nim kontakt op mei de Steategriffy oer de mooglikheden.
 Tel. 058 - 292 89 96 of statengriffie@fryslan.frl.

Steatespul

Mei in groep fan op syn minst 18 persoanen kinne jo in gearkomste fan Provinsjale Steaten neispylje.

It Steatespul is in wize om yn de kunde te kommen mei de provinsjale polityk. De groep wurdt ferdield yn ‘fraksjes’. Dizze fraksjes bûgje harren oer in pear kasussen en fiere dêroer mei-inoar in debat. Sa kinne jo sels ûnderfine hoe’t it is om Steatelid te wêzen. En om wichtige besluten foar Fryslân te nimmen.

Spylje it Steatespul

Provinsjespul

It provinsjespul is foar jongerein fan groep 7 en 8 fan de basisskoalle, it MBU en it Fuortset Underwiis. It provinsjespul wurdt organisearre troch ProDemos.

Yn it provinsjespul leit yn de midden fan de Steateseal in grutte plattegrûn fan de provinsje, mei dêryn in pear grutte plakken en wegen. ‘Mear streekferfier! Nee, mear grien! Nee, der moat in winkelsintrum komme’. Hokker foarsjennings moatte der komme en wêr? Kinst tinke oan echte bedriuweterreinen, fluch ynternet of wynmûnen. Of oan hokker beliedsterrein der mear jild bestege wurde moat. Dêr beslute de learlingen oer troch harren sels oprjochte politike partijen.

Mear lêze en oanmelde

Gastlessen

Leden fan Provinsjale Steaten binne ree en fersoargje in gastles foar jo learlingen en studinten.

Belangstelling? Nim kontakt op mei de Steategriffy, tel. 058-292 89 96 of statengriffie@fryslan.frl.

Wa is wa by de Fryske steategriffy?

Pagina opties