Bestjoersakkoart

Koälysje kiest foar it stimulearjen fan it gelok yn Fryslân

Friezen bliuwe de kommende jierren de lokkichste ynwenners fan Nederlân. De nije koälysje fan CDA, PvdA, VVD en FNP hat dat doel sintraal steld yn it bestjoersakkoart dat hjoed presintearre is. De provinsje set yn op it fierder stimulearjen fan de sterke sosjale struktueren, de sosjale lykweardigens en de leefberens, want dy drage by oan de brede wolfeart dy ’t Fryslân ûnderskiedt. Hjir wolle de partijen 180 miljoen euro yn ynvestearje, boppe op de reguliere begrutting.

It gelok en de brede wolfeart dy't de Friezen kenne, moatte ek jilde foar nije generaasjes. Dêrom is it dat de koälysje de regio ,,grien, duorsum en feilich trochjaan wol oan ús bern en bernsbern’’, meldt it akkoart, dat jildt foar de jierren 2019-2023. Om dat te berikken, spylje de partijen yn op trije grutte ûntwikkelings: de gefolgen fan de klimaatferoaring, feroarings yn de befolkingsgearstalling en de neilittenskip fan Kulturele Haadstêd. Fryslân is de earste regio dy’t brede wolfeart as útgongspunt nimt.

De skjinne enerzjydoelen geane omheech. Yn 2030 is in treddepart fan de Fryske enerzjy duorsum opwekt. Fryslân brûkt dan yn fergelyk mei 2010 in kwart minder enerzjy. Nei it stâl jaan fan de besteande plannen foar wynenerzjy komme der gjin nije wynparken by. De koälysje set yn op ierdwaarmte. Ferfanging fan âlde mûnen troch effisjintere turbines soarget dat der per saldo minder mûnen oerbliuwe. Besteande doarpsmûnen binne te ferfangen troch mûnen oant 100 meter tiphichte. By in pleats kinne wynmûnen komme mei in ashichte fan op syn meast 15 meter.

Partikulieren kinne tenei de wenning fergriene mei help fan it besteande fûns foar skjinne enerzjy (FSFE).

Neilittenskip

Foar de ynfolling fan de neilittenskip fan Kulturele Haadstêd lûkt de koälysje de kommende jierren nochris 6 miljoen euro út.

De koälysje set yn op natuer en ferbettering fan it lânskip. Foar de oanpak fan de feangreideproblematyk komt nochris 10 miljoen euro beskikber. It befoarderjen fan de biodiversiteit krijt 3 miljoen euro ekstra.

Ekonomysk wachtet Fryslân in swiere opjêfte. De fergrizing nimt hurder ta as earne oars, ek omdat de jongerein fuortgean. Dêrtroch is der in lytse groep dy't de ekonomy draaiende hâlde moat. De arbeidsproduktiviteit moat omheech, krekt as de eksport en de fernijingskrêft. It stimulearjen fan ûndernimmerskip krijt der 2,9 miljoen euro extra by.

Op it mêd fan berikberens giet hast 5,4 miljoen euro nei ferbetterings foar it fytsferkear. De bochtferromming yn it Van Harinxmakanaal yn Frjentsjer ferget 5 miljoen euro. Foar it fierder opwurdearjen fan it kanaal is 2 miljoen euro nedich.

De provinsje is ree om de bou fan in akwadukt yn de Rykswei A6 by Skarster Rien foar te sjitten. Der binne stúdzjes foarsjoen nei de komst fan in akwadukt yn Boalsert, in bettere dyk tusken Ljouwert en Snits en de oanlis fan de Lely spoarline (Lelystêd-Emmeloard-Hearrenfean-Drachten-Grins). Dêr't it giet om de opsinten wol Fryslân yn de top 3 fan foardieligste provinsjes bliuwe.

Brieven

It akkoart is ta stân kommen mei advizen út sa’n hûndert brieven, út petearen mei organisaasjes en nei petearen mei partijen dy't gjin diel útmeitsje fan de koälysje. Fia in saneamde brede wolfeartsanalyze hâldt de provinsje de kommende jierren yn'e gaten hoe 't it gefoel fan gelok fan de Friezen har ûntjout. Yn CBS-sifers kamen de Friezen de ôfrûne jierren nei foaren as lokkichste Nederlanners.

Deputearren

De fjouwer partijen hawwe fiif kandidaat-deputearren nei foaren skood: Sietske Poepjes en Sander de Rouwe (CDA), Douwe Hoogland (PvdA), Avine Fokkens (VVD) en Johannes Kramer (FNP). It akkoart leit 26 juny foar yn Provinsjale Steaten. Dan is ek de ferkiezing fan de deputearren.

Jo kinne hjirûnder it bestjoersakkoart dellade.

Te downloaden:

Pagina opties