Beslutelist Deputearre Steaten 9 juny 2020

1. Ferlinging Natura2000 behearplan Marregebiet 

It behearplan foar it Natura-2000 marregebiet kriget in ferlinging fan trije jier. Dêrmei kinne de mooglike konsekwinsjes fan de stikstofmaatregels yn it behearplan meinommen wurde. Provinsjes hawwe de mooglikheid om in behearplan-perioade mei maksimaal seis jier te ferlingjen. Yn it behearplan stiet beskreaun hoe’t de provinsje de Europeeske natuerdoelen foar de natuergebieten hellet. Ûnder dat marregebiet falle Snitser Mar, Wite en Swarte Brekken, De Fluezen en Aldegeaster Brekken.

2. Ûntwikkelplan Blue Zone 

Healthy Ageing Netwerk Noord Nederland (HANNN) kriget de opdracht om ‘Bloeisônes’ yn Fryslân te stimulearjen. Dy sônes binne ynspirearre op de wrâldwide Blue Zone oanpak. HANNN docht dat yn op arbeidzjen mei de wurkgroep ‘Bloeisône Fryslân’ en alderlei oare partijen, lykas ynwennersinisjativen, kennisynstellingen en it bedriuwslibben. It doel is om, neist it formele soarchsysteem, te wurkjen oan in sûn en noflik libbensfermidden yn de provinsje. Dat is in ferfolch op it ûntwikkelplan ‘Bloeisône Fryslân’ dat HANNN earder makke, in plan om it kommen ta meardere bloeisônes yn de provinsje oan te fiterjen.

3. Jierferslach Fergunningferliening, Tafersjoch en hanthavening 2019 

It jierferslach Fergunningferliening, Tafersjoch en hanthavening 2019 lit sjen dat de measte ôfsprutsen VTH-taken útfierd binne. Dat nettsjinsteande de ûnferwachte ûntwikkelingen oangeande de stikstof- en PFAS-problematyk. Yn it jierferslach stiet ek de oanpak fan yllegale hannel fan elektroanysk ôffal beskreaun. Dat komt fuort út in moasje fan de Steaten út 2018. Yn 2019 hâlde de FUMO tafersjoch op de miljeustrjitten foar wat de op- en oerslach fan elektryske apparaten  oanbelanget. Mear as 95% fan de miljeustrjitten docht dat neffens de regels. Fan ’t jier wurde ek gemeente frege om yn ferbân mei dat fraachstik ek te sjen nei omrinwinkels, âldizerhannelers en sosjale wurkpleatsen.

4. Beneaming Advyskommisjeleden foar de Anita Andriesenpriis 2020

Foar de Anita Andriesenpriis binne de neikommende advyskommisjeleden beneamd: Bertus de Jong (lânskipsarsjitekt), Mathijs Dijkstra (lânskipsarsjitekt), Ankie Boomstra (spesjalist keunst yn de iepenbiere romte), Sandra van Assen (stêdeboukundige en arsjitekt) en Jelle de Jong (arsjitekt). De Anita Andriesenpriis wurdt útskreaun om in ympuls oan de romtlike kwaliteit yn Fryslân te jaan.

5. Lok op 1: No en Moarn 

De provinsje Fryslân komt mei in breed pakket koroanamaatregels, oanfoljend op de maatregels fan it Ryk. Mear as ea binne wy ús bewust fan wat wichtich yn it libben is. Dat makket de brede wolfeart, it lok, tige aktueel. It pakket bestiet út alve maatregels om werstel fan de arbeidsmerk, ynnovaasje en in goed fêstigingsklimaat te stimulearjen. It binne leechdrompelige regelingen, bedoeld foar aktiviteiten yn it tredde en fjirde fearnsjier fan dit jier. De regelingen wurde iepene sadree’t Provinsjale Steaten de middels beskikber stelle.

6. Aksjeplan gastfrijheid stipet Fryske rekreaasje en toerisme

In 'oardelmeterfûns' foar ûndernimmers en ekstra marketing om besikers nei Fryslân te heljen. Dat binne de kearneleminten út it ‘aksjeplan gastfrijheid’ dat de provinsje yn ‘e mande mei merkfertsjintwurdigers makke hat foar de troch koroanamaatregels hurd rekke gastfrijheidssektor. It fûns moat bedriuwen helpe om harren foar de oardelmeterekonomy yn te rjochtsjen. De aksjes binne yn it útfieringsplan opnommen dat heart by it earder fan ’t jier troch PS fêststelde gastfrijheidsbelied foar de kommende jierren.

7. Advys: stroomkabel fia Eemshaven oan lân 

De kabel om de opwekke stroom fan it takomstige wynpark op de Noardsee oan lân te bringen, moat by it heechspanningsstasjon yn de Eemshaven ynkomme. Dat is it dvys fan de Noardlike regio oan de minister. Fan de mooglike lokaasjes die  bliken dat de Eemshaven de minste beswieren oplevere. Yn Fryslân wie oansluting op it heechspanningsstasjon yn Burgum yn byld. Dy opsje falt wat de regio oanbelanget ôf.

Del te laden:

Pagina opties