Beslutelist Deputearre Steaten 9 july 2019

1. Gefolgen maaiesirkulêre Provinciefonds

De provinsje Fryslân kriget oer it jier 2018 fia it provinsjefûns fan it Ryk 1,8 miljoen euro minder as ferwachte. Yn de maaiesirkulêre makket it Ryk de definitive ôfrekken oer it foargeande jier bekend. Ek befettet de maaiesirkulêre in yndikaasje fan de ûntwikkelings fan it provinsjefûns foar 2019 en fierder. Ek yn dy takomstige ûntwikkelings moat Fryslân de ferwachtings nei ûnderen ta bystelle. Dat it provinsjefûns leger is as ferwachte, komt troch de lean- en priisûntwikkelings, dy’t troch it Centraal Plan Bureau berekkene binne. Dy binne sakke, útgeande fan de foarsizzings fan ferline jier.

2. Evaluaasje Friese Ontwikkelings Maatschappij

Fjouwer jier nei it oprjochtsjen fan it Doefonds, de foarrinner fan de Friese Ontwikkelingsmaatschappij (FOM) is de FOM evaluearre. De FOM hat yn de ûndersyksperioade (fan 2014 oant en mei 2017) 26 finansierings oan ûndernimmers beskikber steld. Dy finansierings binne út 323 oanfragen fuortkommen. Der is mei-inoar in kapitaal fan 4.540.000 euro útset. It tal oanfragen leit gâns heger as foarsjoen wie. De FOM ûnderskiedt har neffens de ûndernimmers mei har praktyske en pragmatyske oanpak. Ûndernimmers binne tige oer de begelieding fan de kant fan it fûns te sprekken. It hege rintepersintaazje wurdt as in neidiel sjoen. Oanrekommandaasjes geane ûnder oare oer it ferbetterjen fan de ynformaasjefoarsjenning en de kommunikaasje troch de FOM.

3. Beslissing oer útstjitwearden REC

De Reststoffen Energiecentrale (REC) yn Harns moat de emisje fan sâltsoer ferminderje. Dat easket de provinsje nei oanlieding fan in nije útspraak fan de Rie fan Steat. Dêrtroch is in oanpast beslút oer de tastiene emisje nedich. Om in legere emisje te heljen en it jiergemiddelde op peil te krijen, kriget de REC oant 1 jannewaris 2020 de tiid. Foldocht de sintrale dêr net oan, dan hanthavenet de provinsje en folget in boete (lêst ûnder twangsom). Dat giet om 40.000 euro de kalindermoanne mei in maksimum fan 400.000 euro.

4. Bydrage twadde Klimaattop Noard-Nederlân

Nei it sukses fan de earste Noardlike Klimaattop fan ferline jier komt der fan ’t jier in twadde Klimaattop Noard-Nederlân. Fryslân stelt in bydrage fan 50.000 euro beskikber. Grinslân en Drinte drage itselde bedrach by. De Klimaattop sil fan ’t jier op 31 oktober yn Grins wêze.

5. Bydrage projekten LF2028

De Stichting Frysk Film en Media Platfoarm kriget in subsydzje fan op syn meast 40.000 euro foar har projekt Story Valley. Dêrmei wol de stichting in nij plak kreëarje foar it fertellen fan ferhalen. Stichting Media Art Fryslân kriget in subsydzje fan maksimaal 50.000 euro foar it projekt MAF Luna; in festival om romte oan talintûntwikkeling fan begjinnende keunstners te jaan.

6. PS-brief Frysk oandiel yn Europeeske middels

Ein april 2019 kaam in ûndersyk fan advysburo ERAC yn ‘e publisiteit, dêr’t ûnder oare út bliken die dat yn de provinsje Grinslân fjouwer kear mear Europeesk subsydzjejild de ynwenner binnen kaam as yn Fryslân. Mei op fersyk fan PS hat DS dat grutte ferskil ûndersocht. Dêrút docht bliken dat net alle Europeeske middels yn it ûndersyk meinommen binne, mar dat der dêrnjonken yn Fryslân noch wol winst te heljen is. Dat kin ûnder oare troch aktiver op projekten yn te setten dy’t foar Europeeske gearwurking en it ynheljen fan Europeeske middels geskikt binne.

7. Advys Commissie Bezwaar en Beroep beswier fan Psy Fi festival

De twangsom dy’t de organisaasje fan it Psy Fi Festival ferline jier oplein krige, is troch de provinsje ynlutsen. Deputearre Steaten folgje dêrmei it advys fan de Commissie Bezwaar en Beroep. Dy ferklearre it beswier fan Psy Fi grûndearre. Ynhâldlik hie de provinsje it foech om in twangsom op te lizzen. Ek wie der sprake fan in oertrêding fan de Wet natuurbescherming, mar de kommisje wie fan betinken dat der bysûndere omstannichheden wiene. De provinsje giet mei yn it advys, mar kin him net yn alle oerwagings fan de kommisje fine. Sa wie der neffens de provinsje wier wol kâns op natuerskea.

8.  Bydrage oan Frysk dichterskollektyf Rixt

It Fryske dichterskollektyf RIXT kriget in startsubsydzje fan 18.000 euro foar 2019 en 2020. Dat bedrach hat it kollektyf nedich om goed útein sette te kinnen. RIXT wol de Fryske poëzy mear yn omtinken fan it publyk bringe en it literêre klimaat yn Fryslân ferbetterje. Op it stuit binne der 40 Fryske dichters lid fan RIXT.

9. Ynfolling lânbou-oerienkomsten

Mei it takennen fan ynsidintele subsydzjes foar in tal projekten binnen de Lânboudeals wurdt de earste faze fan útfiering ôfsletten. Yn maart 2018 binne seis Lânboudeals mei maatskiplike partijen sletten. Yn ‘e mande mei dy partijen binne projekten yn it ramt fan de Lânboudeals ûntwikkele. Dêrneist wurdt foar it ferfolch in mear yntegrale oanpak ûntwikkele, wêrby’t de Lânboudeals, de regiodeal Natuurinclusieve Landbouw Noord Nederland, de Feangreide-oanpak, Living lab Fryslân en oare aktiviteiten dy’t mei lânbou te krijen hawwe, yntegrearre opset en útfierd wurde kinne.

10. Ferheging bydrageplafond MKB-tegoedbonnen

De pot foar de leechdrompelige subsydzjeregeling foar it Fryske bedriuwslibben, de MKB-vouchers, wie binnen it healjier al leech. Yn PS waard yn juny in moasje oannommen om dy pot oan te foljen. De MKB-voucherregeling rint oant en mei 2020. Ûndernimmers kinne subsydzje oanfreegje foar bedriuwsûntwikkeling en foar advisearring oer personielssaken. De regeling foar bedriuwsûntwikkeling is it meast suksesfol. Mei it jild dat yn 2018 oerbleau wurdt 25.000 euro oan it beskikbere budzjet tafoege. Der is dan yn 2019 mei-inoar 225.000 euro beskikber.

11. Bydrage oan projekt Sterk Fries ondernemerschap

Fryslân hat goede, begjinnende ûndernimmers nedich. It projekt ‘Sterk Fries ondernemerschap’ ynspirearret potinsjele ûndernimmers, en helpt begjinnende ûndernimmers mei profesjonalisearjen. It projekt bestiet út: in ynspiraasjeprogramma, in edukaasjeprogramma en in bedriuwsûntwikkelingsprogramma. Sterk Fries ondernemerschap is in gearwurking fan it Fryske bedriuwslibben, ûnderwiisynstellings en de oerheden. It projekt kriget 1,6 miljoen euro fan de provinsje. It projekt kostet mei-inoar 6,7 miljoen euro en rint oant en mei 2023.

12. Gearwurking foar oanpak krúspunten op it stik dyk Wommels-Boalsert (359)

Yn ‘e mande mei de gemeente Súdwest-Fryslân pakt de provinsje yn de kommende fiif jier trije krúspunten yn de N359 by Boalsert, Wommels en Burchwert oan. Om de dyk feiliger te meitsjen komme der by de krúspunten tunnels. Dat beheint de kâns op oanridings en ferbetteret de trochstreaming. De earste stap dy’t Deputearre Steaten no foar it realisearjen dêrfan sette, is in gearwurking mei Súdwest-Fryslân oangean.

13. Resultaten Bûtengewoan Berikber

Buskes hâlde fan ein dit jier ôf op ôfrop op de Biltdiken by passazjiers foar de doar stil. Dat is ien fan de resultaten fan it projekt BûtenGewoan Berikber. Yn dat projekt tochten ynwenners fan Fryslân nei oer ferfier op it plattelân en de berikberens fan harren doarp. Yn Midden-Fryslân geane wy fierder yn petear mei ynwenners om foarm te jaan oan maatwurkferfier dat by de haadstruktuer fan it iepenbier ferfier oanslút. Resultaten wurde yn de tarieding fan it nije kontrakt foar busferfier meinommen.

14. Subsydzjeregeling 75 jier frijheid Fryslân

Inisjatyfnimmers kinne yn septimber in provinsjale bydrage oanfreegje foar projekten dy’t mei 75 jier befrijing yn Fryslân te krijen hawwe. Dêr is 400.000 euro foar beskikber. It giet dêrby ûnder oare om betinkings, lesprogramma’s en it meitsje fan films. Fan belang is dat se ferbân hâlde mei de Fryske situaasje en ôfwike fan wat al earder yn de provinsje te sjen west hat. De regeling ken maksimaal 40 prosint ta fan de kosten fan in projekt en nea mear as 100.000 euro oan in inisjatyf. Mear ynformaasje oer de subsydzjeregeling folget meikoarten.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.