Beslutelist Deputearre Steaten 7 maaie 2019

1. Útwurking farweifisy

De yn 2018 fêststelde farweifisy foar beropsfeart is op fersyk fan Provinsjale Steaten op fiif ûnderdielen útwurke. It giet om it Van Harinxmakanaal, it gebietsproses Hegewarren en de relaasje mei de farwei Drachten, de farwei It Hearrenfean, in kontenerterminal foar skippen en feiligens op farwegen. Oan ‘e hân fan in diskusjenotysje oer de ynhâld en it ferfolchproses bûge Provinsjale Steaten harren dêr op 5 juny yn in byldfoarmjende kommisje oer. Yn oktober fan dit jier folget de definitive beslútfoarming.

2. Fryske Kennisaginda aktualisearre

Flugge ûntwikkelings op it mêd fan digitalisearring, sosjale media, sirkulêre ekonomy, demografy en duorsume enerzjy: de oanlieding om de Kennisaginda Fryslân 2019-2025 te aktualisearjen. Ynternasjonalisearring, ynnovaasje en sirkulariteit binne oanfollings yn de nije Kennisaginda. De Kennisaginda is opsteld yn gearwurking mei de Ried fan Advys van de RUG Campus Fryslân, dêr’t de Fryske kennisynstellings (HBO-ynstellings en Universiteiten dy’t yn Fryslân aktyf binne) in sit yn hawwe.

3. Plattelânsûntwikkelingsprogramma wetter en klimaat

Fan 20 maaie oant en mei 30 augustus 2019 kinne organisaasjes in berop dwaan op de subsydzjeregeling fan it plattelânsûntwikkelingsprogramma wetter en klimaat. It subsydzje is bedoeld foar maatregels as it natuerfreonlik ynrjochtsjen fan haadwettergongen (lykas kanalen of sleatten) of bygelyks it ûndjipper meitsjen of ticht smiten fan sleatten. Der is goed 4,3 miljoen euro beskikber. It Samenwerkingsverband Noord-Nederland fiert de regeling út.

4. Plattelânsûntwikkelingsprogramma ûnderdiel stikstof

Tusken 20 maaie en 28 juny 2019 kinne belangstellenden subsydzje oanfreegje foar projekten yn it Natura 2000 gebiet op Skylge. It giet om hydrologyske maatregels dy’t it delslaan fan stikstof tsjingean moatte. De dunen dêr binne bygelyks tige gefoelich foar stikstofdelslach. Troch it ôfplagjen fan dúndelten wurde de omstannichheden skraler en krije planten wer kâns om te groeien. Der is 1 miljoen euro beskikber. De provinsje draach 500.000 euro by, de oare helte komt fan Europa.

5. Bydrage briedmasine BFVW

De Bond van de Friese Vogelwachten kriget 20.000 euro foar it foarûndersyk nei de ynset fan in briedmasine foar aaien fan greidefûgels. De provinsje jout dat subsydzje op grûn fan har rol om te soargjen foar it ferbetterjen fan de greidefûgelstân. It foarûndersyk bestiet út in literatuerstúdzje en ynterviewpetearen en wurdt troch de Rijksuniversiteit Groningen útfierd.

6. Gearwurkingsoerienkomst risikofolle bedriuwen

De Omgevingsdienst Groningen (ODG) sil ek yn 2019 de fergunningferliening, it tafersjoch en de hanthavening by de risikofolle bedriuwen yn Fryslân útfiere. Sûnt july 2017 hat de ODG dat neffens lanlike regeljouwing fan de FUMO oernommen. De trije noardlike provinsjes besleaten doe  gear te wurkjen op it mêd fan fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening by risikofolle bedriuwen. Doel dêrfan is in unifoarm útfierings- en kwaliteitsnivo. Dy ôfspraken binne no yn in oerienkomst fêstlein.

7. Bydrage Waddenmozaïek

Vereniging Natuurmonumenten kriget in provinsjale subsydzje fan op syn meast 429.000 euro foar it projekt Waddenmozaïek. De provinsjes Groningen en Noord-Holland stelle itselde bedrach beskikber. Waddenmozaïek bringt de ûnderwetternatuer yn kaart en probearret ûnderskate manieren om de natuer te ferbetterjen. It projekt hat in omfang fan mei-inoar 6,4 miljoen euro. Goed fjouwer miljoen euro komt út it Waadfûns wei.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.