Beslutelist Deputearre Steaten 7 april 2020

1. “Lok op 1 fûns” foar in fitale mienskip

De provinsje stelt oant en mei 2023, 700.000 euro beskikber foar it befoarderjen fan sosjale leefberens. Dêr giet 400.000 euro fan nei it Fûns Lok op 1. It lanlike Kansenfonds ynvestearret itselde bedrach yn mienskiplike projekten dy’t bedoeld binne om iensumens en diskriminaasje tsjin te gean. Der is oant en mei 2023 300.000 euro beskikber foar it Plan ‘Sûnens en Mienskip’ fan Tûmba, COC en HANN, om te bouwen oan ynklusive sûnens, in ynklusive omjouwing, in sûne wize fan libjen en it foarkommen fan útsluting.

2. Subsydzjeregeling risiko’s ynkomsten út ticketferkeap programmearring poadiumproduksjes LjouwertFryslân 2028

Der komt in nije subsydzjeregeling om ôffallende ynkomsten út de ticketferkeap foar kulturele eveneminten foar LF2028 op te fangen. Dy regeling moat derfoar soargje dat produksjes dy’t minder opbringe as ferwachte, dochs trochgean kinne. Der sit 1.172.743,- euro yn oant en mei 2022. De regeling giet op 17 april iepen.

3. Evaluaasjekritearia pilots Natuer mei de Mienskip

De partners fan Natuer mei de Mienskip (NmdM) stelle in fernijende oanpak fan it natuerbelied út. Yn trije pilotprojekten moat bliken dwaan oft de fernijende oanpak yn de praktyk wurket. De provinsje hat de kritearia foar de evaluaasje fan de pilots fêststeld. It giet om kritearia lykas (ko)finansiering, it sintraal stellen fan de einbehearder, it tsjinjen fan maatskiplike doelen en de ûntwikkeling fan nij ark.

4. Subsydzjeregeling Fyts!mpuls 2020-2022

De provinsje draacht yn de kommende jierren 500.000 euro it jier by oan ynvestearrings dy’t gemeentlike fytspaden feiliger meitsje. It projekt is der op syn meast 2 ton beskikber foar it beteljen fan op syn meast 50% fan de kosten. Betingst is dat de gemeente foar finansiering fan de oare helte soarget.

5. Tresoar, it mearjierreplan 2021-2024, it aktiviteiteplan ynklusyf begrutting 2021 en de jierstikken 2019

De provinsje Fryslân stimt yn mei it mearjierreplan 2021-2024 fan it Frysk histoarysk en letterkundich sintrum Tresoar. Dat jildt ek foar it aktiviteiteplan en de begrutting 2021.

6. Begrinzging guozzefoerazjeargebieten en wiziging Feroardering Wet natuurbescherming Fryslân

De begrinzging en it oerflak fan de foerazjeargebieten foar guozzen wiziget net. Ek binne der gjin wizigingen yn de ôfhanneling fan skeataksaasjes. De Fryske Guozze-oanpak is earder al oant 2023 ferlinge. It jildende beslút oer de begrinzging fan guozzefoerazjeargebieten rint oant en mei dizze maitiid. De begrinzging moat dêrom op ‘en nij fêststeld wurde. De begrinzging wurdt mei de Feroardering Wet Natuurbescherming Fryslân regele.

7. Natuerstúdzje Feangreide

De Natuerstúdzje Feangreide wurdt yn it ramt fan it Feangreideprogramma fierder útwurke op gebietsnivo foar de natuergebieten dy’t wat mei de Kânsrike Gebieten út it Feangreideprogramma mienskiplik hawwe. De stúdzje lit sjen dat der tusken natuergebieten ûnderling, mar ek yn natuergebieten sels grutte ferskillen binne. Net allinne wat it sakjen fan de grûn oanbelanget, mar ek oangeande effekten fan peilbelied. Neier ûndersyk it natuergebiet is nedich.

8. It iepenstellingsbeslút ‘Iepen Mienskipsfûns 2020/ nr. 2’

Inisjatyfnimmers mei in goed idee om de leefberens yn harren doarp, wyk of regio te ferbetterjen kinne dêr by it Iepen Mienskipsfûns (IMF) in oanfraach foar dwaan. It kolleezje hat besletten om de twadde tender 2020 fan it IMF fan 20 april oant en mei 14 maaie, 17.00 oere iepen te stellen. Foar tender 2 is mei-inoar in bedrach fan € 1.450.000 beskikber.

9. Ferwurkingsoerienkomst kamerabylden ôfstânsbetsjinning brêgen Ljouwert

Foar it ferwurkjen fan kamerabylden by brêgebetsjinning slute de provinsje en de gemeente Ljouwert in oerienkomst. De bylden sille sân dagen bewarre wurde. De provinsje betsjinnet fan begjin maaie ôf út it Swettehûs yn Ljouwert wei in tal gemeentlike brêgen. Privacywetjouwing ferget ôfspraken oer it bewarjen, feilich stellen en ferneatigjen fan bylden.

10. Beëinigjen gearwurkingsoerienkomst Varend Bedrijf mei Rijkswaterstaat

Bûtengewoane Opspoaringsamtners (BOA’s) fan de provinsje meie net mear út namme fan Rykswettersteat (RWS) optrede. Nije regels steane it net langer ta dat in BOA twa wurkjouwers hat. De oerienkomst, dy’t provinsje en RWS yn 2014 oer it ynhieren fan provinsjale hanthaveners sleaten, kin dêrom net fuortbestean.

Del  te laden:

Pagina opties