Beslutelist Deputearre Steaten 4 juny 2019

1. Ûntwerpbestimmingsplan gebietsûntwikkeling WTC akkoart

Mei it ûntwerpbestimmingsplan Gebietsûntwikkeling WTC stimme Deputearre Steaten yn. Wol is in oanfolling fan it úteinlik plan op inkelde ûnderdielen nedich. Dat giet ûnder oare om in neiere taljochting op it ûnderdiel net-deistige detailhannel. Dêrby giet it spesifyk om de romte dy’t yn winkelgebiet De Centrale noch  op foarried is en wat dat betsjut foar de totale winkelbalâns yn de gemeente. Fierder binne de ûndersiken op it mêd fan ekology en stikstof noch net klear. Dat stiet yn de sjenswize fan de provinsje.

2. Proef hurdfarre op ‘e Burgumer Mar begjint 15 juny

It hurdfarren op ‘e Burgumer Mar is fan ’t jier fan sneon 15 juny oant en mei 15 septimber tastien. It mei tusken 9:00 en 18:00 oere, binne de giele boeien dy’t it gebiet markearje. Yn it earste jier mei fan 15 juny oant en mei 15 septimber oan de súdwestkant fan de mar hurd fearn wurde, yn it twadde jier oan de súdeastlike kant. It giet om in proef fan twa jier, wêryn’t de provinsje hanthavenet en de feiligens en effekten op de omkriten yn ‘e gaten hâldt. Nei 2 jier is der in evaluaasje fan de proef.

3. Fryslân Dei 2019 yn Brussel

Fan ’t jier wol de provinsje de Fryslân Dei op woansdei 9 oktober hâlde, yn de Europeeske wike fan regio’s en stêden yn Brussel. De reade tried yn it programma is meartaligens en de wearde fan net offisjele EU-talen. De provinsje nûget in brede fertsjintwurdiging út, út Fryslân en Europa wei. Op inisjatyf fan Provinsjale Steaten is der sûnt 2017 alle jierren in Fryslân Dei, om Fryslân te presintearjen oan it ynternasjonale publyk.

4. Fergunning Promised Land yn Griene Stjer

De organisaasje fan Promised Land kriget in fergunning Wet Natuurbescherming foar it hâlden fan it festival yn de Griene Stjer. De organisaasje mei de ferljochting net op it wetter skine litte. Oars fersteurt dat in wichtige fleanrûte fan de marflearmûs.

5. Útgongspunten kontrôle jierrekken

Alle jierren stelle Provinsjale Steaten de útgongspunten fêst foar de kontrôle fan de jierrekken fan dat jier. Yn dy útgongspunten stiet hoefolle ôfwikings de akkountant by de kontrôle akseptearje mei.

6. Kontrôle feiligens regionale wetterkearings

Om goed kontrolearje te kinnen oft regionale wetterkearings of diken oan de feilichheidsnoarm foldogge, stelde de provinsje dêr easken foar op yn in foarskrift. Wichtich doel fan dat foarskrift is om mear dúdlikens rjochting Wetterskip Fryslân en ynwenners oer de easken te jaan, dy’t oan de regionale wetterkearings en diken steld wurde. Yn Fryslân lizze de regionale wetterkearings lâns de marren, kanalen, fearten en inkelde eardere seediken. De kearings hawwe in remjende wurking op it ferrin fan in oerstreaming yn it gefal fan in trochbraak fan primêre kearings lykas de see- of Iselmardyk.

7. Regeling bydrage kavelynrjochting

Fan 13 juny oant en mei 31 desimber 2019 kinne grûneigeners subsydzje oanfreegje foar kavelynrjochting. Der sit 135.000 euro yn ‘e pot, 25.000 euro dêrfan is bestimd foar it geskikt meitsjen fan it lân foar greidefûgels. Kavelynrjochting folget nei it proses fan kavelruil. It kin bygelyks gean om de oanlis fan dammen of brechjes foar in bettere berikberens fan de kavel.

8. Oanpassing mienskiplike regeling Letterhoeke

De tekst fan de mienskiplike regeling mei Tresoar wiziget troch in wiziging yn de Wet gemeenschappelijke regelingen. Dêr’t it earst in regeling wie mei in deputearre en leden fan Provinsjale Steaten, is dat no in regeling mei allinne in deputearre. Tresoar is it Regionaal Historisch Centrum (RHC) fan Fryslân. De provinsje Fryslân is yn ‘e mande mei it Ryk en de stichting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum dielnimmer oan de mienskiplike regeling. Der binne tolve RHC’s yn Nederlân. Alle RHC’s binne in mienskiplike regeling wêrby’t it Ryk dielnimmer is.

9. Bydrage boek Einekoaien

De Eendenkooi Stichting kriget foar ien kear in bedrach fan 25.000 euro foar it boek Eendenkooien in Fryslân. Dit boek is skreaun troch G. Mast en is in werjefte fan mear as tritich jier ûndersyk nei de Fryske einekoaien. Fryslân hie altyd de measte einekoaien fan alle provinsjes en noch hieltyd leit in fearns dêrfan yn Fryslân.

Brief Eendenkooi Stichting

10. Beslissing op beswier Polderhoofdkanaal

Foar de beskerming fan de wâlen fan it Polderhoofdkanaal is gjin ûntheffing nedich, stelle Deputearre Steaten fêst. Earder frege de gemeente Opsterlân by de provinsje in ûntheffing oan foar it pleatsen fan rigen fan 165 meter peallen yn it Polderhoofdkanaal. De peallen jouwe de wâl beskerming tsjin it skolperjend wetter. In beskerme bistesoarte, lykas de wetterrôftuorre, kin dêrtroch feilich yn de wâl tahâlde. It wurk is op sa’n manier útfierd dat gjin ûntheffing nedich is. Dêrom wiist de provinsje de ûntheffingsoanfraach ôf.

11. Rapport meidwaan oan kultuer troch âlderen

Tijd voor Talent fan Keunstwurk, Muziek met Dementie fan Cityproms Embrace, Dans op Recept fan de Stichting Parkinson in Beweging; it binne foarbylden fan projekten út de regeling Kultuerpartisipaasje troch âlderen yn Fryslân yn 2017-2018. It hjoeddeistige belied en de regeling foar it meidwaan oan kultuer troch âlderen wurdt troch de provinsje fuortset oant yn 2021. Dat stiet yn it rapport Cultuurparticipatie door ouderen in Fryslân: een leven lang cultuurparticipatie.

12. Gebietsûntwikkeling Alde Feanen

Begjin dit jier lei it ûntwerp fan it tredde útfieringsplan foar de Alde Feanen op besjen. Mei-inoar krige de provinsje fyftjin sjenswizen. Dêrút folgje inkelde wizigings yn it ynrjochtingsplan. Sa bliuwt bygelyks de kanorûte, dy’t parallel oan de Headamsleat rint, bestean, krekt as it súdlike oerstapplak.

13. NLPD-gearkomste yn Toulouse

Deputearre Sietske Poepjes is as presidint fan it Network to Promote Linguistic Diversity (NPLD) oanwêzich by de algemiene gearkomste fan 5 oant 7 juny yn Toulouse. De provinsje Fryslân is sûnt 2007 lid fan it Europeeske netwurk foar minderheidstalen NPLD. It NPLD hat as doel om op Europeesk nivo minsken bewust te meitsjen fan it belang fan taalferskaat.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.