Beslutelist Deputearre Steaten 30 juny 2020

1.Startnotysje fyts

Fytse is goed foar de sûnens en is in duorsume manier om fan A nei B te gean. It brûken fan de fyts is, nettsjinsteande technyske ûntwikkelingen lykas de elektryske fyts, yn de ôfrûne jierren yn Fryslân efterút gien. Deputearre Steaten wolle it fytsbelied út 2005 by de tiid bringe en komme dêrom mei de startnotysje Fyts.

2. Gebouwen provinsje yn 2025 enerzjyneutraal en kinne yn eigen ferlet foarsjen

Om provinsjale gebouwen yn Ljouwert, Donkerbroek, Boalsert, Twellingea en Stiens uterlik yn 2025 enerzjyneutraal te meitsjen en derfoar te soargjen dat se yn eigen ferlet foarsjen kinne, binne stevige stappen fanneden. It giet om enerzjybesparjende maatregels en it opwekjen fan enerzjy mei sinnepanielen (10MW). Foar it ferwaarmjen fan de gebouwen steane noch meardere opsjes iepen. It hjoed oannommen Ymplemintaasjeplan sketst de mooglike rûten.

3. Regels foar sinneparken oanskerpe yn Ûntwerp Oanpassing Feroardering Romte

Bedriuwen dy’t parken ûntwikkelje wolle om sinne-enerzjy op te wekjen, moatte dêrfoar as earste nei de beskikbere dakken en gevels sjen. Dat stiet yn de oanpaste provinsjale Feroardering Romte. Dêrnei komme plakken binnen besteand stedsgebiet yn ‘e beneaming. As dat net slagget, kinne se sykje nei plakken op stoartplakken foar smoargens, nutsfoarsjennings en ynfrastruktuer. Earst dêrnei komt lânbougrûn yn ‘e beneaming. Dy oanpassing moat foarkomme dat der weardefolle lânbougrûn ferlern giet. Lokale mienskippen moatte fan de opbringst fan sinneparken profitearje.

4. Oanfoljende boekjiersubsydzje Merk Fryslân 2020

Deputearre Steaten stelle twa oanfoljende bedraggen beskikber foar marketingorganisaasje Merk Fryslân. Dy folgje út it nije belied foar gastfrijheid dat Provinsjale Steaten earder fan ’t jier fêststeld hawwe en út it Aksjeplan Toerisme, dat makke is om de koroanakrisis te bestriden. It giet om respektivelik 500.000 en 180.000 euro.

5. Befolking- en húshâldensprognoaze Fryslân 2020

Fryslân hat no likernôch 650.000 ynwenners. Yn 2040 is dat nei 630.000 sakke. Fryslân ûntgrienet en fergrizet. Dat docht bliken út de foarriedige sifers fan de Fryske befolkingsprognoaze. De prognoaze lit sjen dat, ek al sakket it tal ynwenners mei-inoar, der wol gâns in ferheging fan it tal âlderen ferwachte wurdt. It giet dêrby foar in grut part om âldere allinnichsteanden.

6. Stipe foar lokale enerzjykoöperaasjes

Der moat in goed netwurk fan enerzjycoaches yn Fryslân komme. Dat fine gemeenten, enerzjykoöperaasjes en wenningboukorporaasjes. Dy moatte goede profesjonele begelieding krije. Ek foar de enerzjykoöperaasjes moat profesjonele stipe beskikber wêze. Ta dy konklúzje komme de ferskate partijen dy’t mei lokale enerzjy-inisjativen anneks binne. De oerkoepeljende koöperaasje “Us Koöperaasje” sil dêrmei oan ‘e slach. Dy kriget dêr 60.000,- euro subsydzje foar. Enerzjykoöperaasjes kinne dêrneist noch hieltyd fan de voucherregeling gebrûk meitsje.

7. Regeling ferbettering bioferskaat

Fan 17 augustus oant en mei 30 septimber kinne foarbyldprojekten, rjochte op ferbettering fan bioferskaat, subsydzje oanfreegje. Dêrby is spesjaal omtinken foar de (grûn)bioferskaat. Der sit mei-inoar 240.000 euro yn ‘e pot. Dit is in earste útwurking fan it ferbetterprogramma bioferskaat, dêr’t de provinsje op it stuit oan wurket.

8. Tastimming foar hegere reklamemêst op ‘e Jouwer

McDonalds op ‘e Jouwer mei in hegere reklamemêst pleatse. De sichtberens fan de besteande mêst is troch de oanpassing fan it ferkearsknooppunt Joure in stik minder wurden. Dêrom stimt de provinsje no yn mei in mêst fan 30 meter, wylst no 20 meter noch de grins is.

9. Koroana-fûns foar toeristyske bedriuwen yn july iepen

De Fryske oardelmeterregeling foar ûndernimmers yn de sektor rekreaasje en toerisme giet yn july iepen. Bedriuwen kinne oant 1500 euro subsydzje krije foar ynvestearrings dy’t foar oanpassings oan de oardelmetermaatskippij fanneden binne.

10. Noardlike treinen ride skjinner mei biodisel

Twa noardlike treinen sille fan septimber ôf op biodisel (HVO – hydrotreated vegetable oil) ride. Dat is in eksperimint fan de provinsjes Fryslân en Grinslân, dy’t tegearre konsesjeferliener foar it regionaal spoarferfier binne. As de proef technysk en finansjeel goed útpakt, dan kinne alle noardlike treinen op dy skjinnere branje oerstappe. Dat besparret 89 prosint oan CO2-emisje.

11. Subsydzjes

  • Noardlike Fryske Wâlden 64.000,- euro
  • Kening samen voor ons landschap 75.000,- euro (giet om it fierder ûntwikkeljen fan it boargerinisjatyf Kening)
  • Hogeschool Van Hall Larenstein 100.000,- euro (foar it projekt Nationaal kennisplatform en -makelaar Boerenlandvogels 2020-2023)
  • Kofinansiering ynnovative fiskerssteger Harns
  • Fytsestalling stasjon Snits 99.000,- euro
  • Programma Donkerte van het Waddengebied 156.000,- euro

Del te laden:

Pagina opties