Beslutelist Deputearre Steaten 28 maaie 2019

1. Earste tuskentiidske kontrôle foar finansjele meidwaan Windpark posityf

De provinsje kin foarearst mei de Investeringsovereenkomst foar Windpark Fryslân trochgean. Dat is de konklúzje fan de earste fan twa wiidweidige juridyske kontrôles foar it stuit wêrop’t de provinsje finansjeel yn Windpark Fryslân ynstapt. De provinsje is fan doel om 100 miljoen euro yn Windpark Fryslân te ynvestearjen, it wynpark mei 89 wynmûnen dat op 6 kilometer fan de Fryske kust yn de Iselmar komt. Dat bedrach bestiet út 20 miljoen euro foar oandielen yn Windpark Fryslân Holding BV en 80 miljoen euro foar in efterstelde liening foar Windpark Fryslân Holding BV. Provinsje Fryslân kriget om syn minst 15% fan de oandielen. It stuit dat de provinsje definityf ynstapt wurdt yn ‘e hjerst fan 2019 ferwachte. Foar dy tiid is der noch in twadde wiidweidige juridyske kontrôle (de saneamde ‘confirmatory opiny).

2. Útfiering yntegraal belied troch de provinsje

Fryslân hat yn de ôfrûne jierren op in soad beliedsmêden omtinken jûn oan sosjale aspekten en soarchfragen. Dat die de provinsje ûnder oare yn har belied foar ferkear- en ferfier, natuer, omjouwingsfisy en enerzjytransysje. De kommende perioade giet de provinsje dêrmei fierder. De provinsje fiert sûnt 2015 gjin eigen sosjaal belied mear út.

3. 1,9 miljoen euro foar oanpak monuminten

Fan de tredde wike fan septimber ôf kinne eigeners fan Ryksmonuminten subsydzje oanfreegje. Dat kin foar restauraasje of ûnderhâld fan dy bouwurken, of om der in nije bestimming oan te jaan. Der sit goed 1,9 miljoen euro yn ‘e pot.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.