Beslutelist Deputearre Steaten 25 maaie 2020

1. Startnotysje Sport

Alle Friezen yn beweging, mei en foar de sport! Fryslân giet oan ‘e slach mei it sportbelied foar 2021 – 2024. Yn de Startnotysje Sport sketst DS de trends en ûntwikkelingen foar PS, krekt as de Fryske ambysjes. Hoe meitsje wy sport foar mear minsken tagonklik en berikber? Yn ‘e mande mei belanghawwenden sil de provinsje yn de kommende moannen oan ‘e slach mei it sketsen fan it nije sportbelied.

2. Subsydzje foar masinen yn feangreidegebieten

Leanbedriuwen, wurkjend yn it feangreidegebiet, kinne in subsydzje oanfreegje foar de oanskaf fan masinen foar net-kearende grûnbewurking. Dêr is 100.000 euro beskikber foar. It Bestjoerlik Oerlis Feangreide (BOF) wol dêrmei it brûken fan dy masinen yn it Feangreidegebiet stimulearje. De subsydzjeregeling giet fan 1 juny oant en mei 26 juny iepen. Doel fan it subsydzje is om it brûken fan dy masinen, lykas de stripefrees, dy’t op it stuit noch net rom foarhannen binne by leanbedriuwen yn it feangreidegebiet, te befoarderjen. Sa hoecht de grûn nammentlik foar de maistylt net keard te wurden, en dat kin de feanoksidaasje opkeare.

3. DINGtiid: mear omtinken foar Fryske taal by it Ryk

Ryksútfieringsorganisaasjes lykas de Meldkamer, Belastingdienst en UWV moatte aktiver oan ‘e slach mei Frysk taalbelied. Dat konkludearret DINGtiid nei in ûndersyk by dy organisaasjes. Net ien fan harren, sa docht bliken, hat in Frysk taalbelied. DINGtiid komt mei inkelde oanrekommandaasjes om dêr ferbettering yn te bringen. Oer it generaal is de hâlding oangeande it Frysk wol posityf.

4. Formalisearjen rêdingskredyt Thialf

Thialf kriget ekstra finansjele stipe fan de provinsje Fryslân en de gemeente it Hearrenfean, sadat sy oan ‘e slach kinne mei it ferhelpen fan de finansjele problemen. As de gemeenteried en Provinsjale Steaten ynstimme mei it rêdingskredyt, stelt de provinsje 2 miljoen euro en de gemeente it Hearrenfean 991.000 euro beskikber. Om dat bedrach beskikber stelle te kinnen wurdt in lieningsoerienkomst tusken Thialf en de provinsje sletten. Dy lieningsoerienkomst moat troch de Europeeske Kommisje goedkard wurde.

5. Mobiliteitsburo moat koroanakrisis noch yn begrutting ferwurkje

De ympakt fan de koroanakrisis is noch net yn de ûntwerpbegrutting foar 2021 fan it Mobiliteitsbureau Noordoost Fryslân meinommen. Dêr is it noch te betiid foar. By it aktualisearjen fan de begrutting, letter fan ’t jier, moat dy finansjele útwurking der noch wol komme, seit de provinsje yn in sjenswize.

Del te laden:

Pagina opties