Beslutelist Deputearre Steaten 25 juny 2019

1. Strategyske grûnwetterstúdzje

Yn de takomst is it yn de hjerst en winter wieter en yn de simmer drûger as no. It ferskil tusken in hege en in lege grûnwetterstân wurdt hieltyd grutter. Troch de stiging fan de seespegel streamt der yn de takomst hieltyd mear sâlt grûnwetter út de Waadsee it lân yn. Dat saneamde fersâltsjen nimt ta mei likernôch 20 prosint yn 2085. Dat binne in pear eleminten út de wichtichste konklúzjes fan de Grondwaterstudie Fryslân. Dy stúdzje leart de provinsje in soad oer hoe’t it Fryske grûnwettersysteem no en yn ‘e takomst wurket. Yn septimber folget in minisympoasium oer de grûnwetterstúdzje.

2. Advys heechspanningsnet westen fan Fryslân fuortsterkje

Bedriuweterrein De Marne yn Boalsert is de foarkarlokaasje foar in skeakelstasjon fan Tennet. It stasjon is needsaaklik om de stroom dy’t aanst ûnder oare fan Wynpark Fryslân komt oan te sluten op it lanlike stroomnet. De lokaasje Boalsert is mei advisearre om de bewenners fan de “Kop Ôfslútdyk” net fierder te belêsten mei de gefolgen fan duorsume inisjativen. Dêrmei jout DS ynfolling oan moasjes fan Provinsjale Steaten dy’t earder yntsjinne binne.

3. Jierferslach fergunningferliening, tafersjoch en hanthavening 2018

De fergunningferliening, it tafersjoch en de hanthavening by bedriuwen yn Fryslân mei in provinsjale fergunning, is ferline jier foar it grutste part neffens plan ferrûn. By de provinsje sels en Omgevingsdienst Groningen – dy’t de fergunnings en it tafersjoch by BRZO-bedriuwen foar Fryslân fersoarget – is de planning helle. By de FUMO slagge dat net hielendal, mar it gie wol better as yn 2017. Foar 2019 binne ôfspraken foar fierdere ferbettering makke.

4. Fryske taal yn stimwerkenning Mozilla

De Fryske Akademy sil 10.000 represintative Frysktalige sinnen leverje oan de stimmebibleteek Common Voice fan Mozilla. Mei help fan it publyk soarget de Fryske Akademy derfoar dat de sinnen ynsprutsen wurde. Common Voice foarmet in breed tagonklike basis, dy’t fergees is, foar de bou fan spraaktapassings troch ûndersikers en ûntwikkelders. Fanwegen de spesjalistyske kennis op it mêd fan de Fryske taal en de ûnderfining mei it opstellen fan dat soarte data gunt de provinsje de opdracht oan de Fryske Akademy. Foar it útfieren fan de opdracht stelt de provinsje goed 38.000 euro beskikber.

5. Wiziging Reeëbehear

Mei yngong fan 2020 is it behear fan reeën yn Fryslân rjochte op it beheinen fan oanridings. De populaasje reeën moat dan sa beheard wurde, dat der op it Fryske fêstelân net mear as 500 oanridings jiers binne. Mei dat nije belied wurdt behear op basis fan in doelstân (maksimaal tal reeën yn Fryslân) loslitten.

6. Fêststelling gersprizen

Om de gersprizen fêst te stellen advisearret de universiteit fan Wageningen (WUR) om de hjoeddeistige oanpak oan te hâlden. Nei oanlieding fan fragen út Provinsjale Steaten wei nei it ta stân kommen fan gersprizen, die de WUR dêr ûndersyk nei. It fêststellen fan de gerspriis is nedich om te berekkenjen hoefolle guozzeskea in boer hat. De hjoeddeistige metoade hâldt in priisberekkening fan ferfangend foer yn.

7. Plafond bydrage grutskalige sporteveneminten

It subsydzjebedrach foar grutte sporteveneminten giet omheech fan 120.000 nei 150.000 euro. Deputearre Steaten fergrutsje de subsydzjepot om mear oanfragen honorearje te kinnen. De belangstelling nammentlik grut. De subsydzjeregeling stiet noch iepen oant 31 oktober 2019.

8. Oerdracht Schreiersbrêge by Dokkum oan provinsje

It ûnderhâld en behear fan de Schreiersbrêge yn Dokkum giet nei de provinsje. Gemeente Noardeast-Fryslân en provinsje makken ôfspraken oer de oerdracht. De gemeente betellet in bedrach fan 750.000 euro as ôfkeapsom foar ien kear. Foar ûnderhâld en behear betellet de gemeente struktureel 15.000 euro jiers. Ek giet de gemeente troch mei it foar eigen rekken betsjinjen fan de brêge. Dat docht de gemeente oant de ôfspraken oer it op ôfstân betsjinjen fan de brêgen yn Dokkum fan krêft binne.

9. Provinsjale hanthaveningsregelings ynlûke

Troch nij belied binne trije regelings foar tafersjoch en hanthavening oerstallich wurden. De provinsje lûkt dy trije regelings dêrom yn. It giet om ‘Gedogen in Fryslân’ út 2006, it ‘Integraal toezicht- en handhavingsbeleid Provincie Fryslân 2011-2014’ út 2011 en it ‘Fries draaiboek handhaving milieuwetgeving’ út 2001. It nije belied stiet yn it ‘Vergunning, Toezicht en Handhaving beleid 2019-2023’ dat Deputearre Steaten op 9 april ll. fêststelde.

10. Ynsidintele subsydzje Zorgbelang

Zorgbelang Fryslân sil it subsydzje foar ien kear fan 150.000 euro dy’t se fan ’t jier fan de provinsje krige, ynsette foar ûntwikkeling, oerdracht en útwikseling fan kennis. Der komt in frij tagonklike akademy en in advyspunt en der komme trainings en kursussen foar belange-organisaasjes. Dat hawwe Zorgbelang en de provinsje ôfpraat.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.