Beslutelist Deputearre Steaten 23 juny 2020

1. Yntegraal Grûnbelied en bestegingsplan 2021-2024

Yn de kommende jierren stekt de provinsje goed 9 miljoen euro yn ferskate projekten, dy’t mei grûnbelied te krijen hawwe. It Fryske programma is breder as dat wat it Ryk docht. De tema’s lânbou, stikstof, Feangreide, wetter/klimaatadaptaasje, bioferskaat en enerzjy krije in plak yn dat programma. Yn 2021 is de list mei projekten foar dat programma klear.

2. Behear provinsjaal argyf moat better

De provinsje moat noch stappen sette om it behear fan it eigen argyf (skriftlike en digitale ynformaasje) better op oarder te krijen. De opslach moat oan wetlike easken foldwaan om dokuminten goed weromfine te kinnen. Dat is ek nedich om risiko’s op datalekken lytser te meitsjen, seit de Provinsje-argivaris yn de Tuskenrapportaazje 2019. It ferbetterplan is al yn útfiering.

3. Grûnkeap foar ferbreding Opsterlânske Kompanjonsfeart

De provinsje keapet 10.330 kante meter grûn fan de gemeente Opsterlân. De grûn is nedich foar it ferbreedzjen fan de Opsterlânske Kompanjonsfeart foar rekreaasjefeart en in natuerfreonlike wâl. Dat wurk is yn 2018 al dien makke, mar de oankeap fan de grûn moast noch regele wurde.

4. Subsydzje foar bou of ferbou húsdokterspraktiken (diel II)

De twadde perioade fan de subsydzjeregeling ‘Bou of ferbou húsdokterspraktiken Fryslân’ set op 1 septimber útein. Yn dy lêste perioade stelt provinsje Fryslân it oerbleaune bedrach fan 311.000 euro beskikber oan húsdokters yn Fryslân, dy’t plannen hawwe om harren besteande of nije praktyk te (fer)bouwen.

5. Jild foar ferfolch euro-foar-euro regeling

It kolleezje wol 700.000 euro beskikber stelle foar de Subsydzjeregeling Gedrachsbeynfloeding ferkearsfeilichheid Fryslân. Dy giet neat earder as op 1 desimber yn. Earst is goedkarring fan Provinsjale Steaten nedich. It jild is bedoeld foar it fuortsetten fan de euro-foar-euro regeling. Dy is foar projekten dêr’t provinsje en gemeente likefolle – in euro foar in euro – oan bydrage.

6. Ferlinging subsydzje foar enerzjykoöperaasjes

Enerzjykoöperaasjes dy’t profesjonele stipe wolle by it ûntwikkeljen fan harren griene-enerzjyplannen, kinne dêrfoar oant 31 desimber 2020 subsydzje oanfreegje. De provinsje ferlinget de ‘Voucherregeling foar Enerzjykoöperaasjes Fryslân’ mei in heal jier. Dy is bedoeld foar it ynkeapjen fan juridyske, finansjele, technyske, fiskale of organisatoaryske saakkundigens. Bygelyks foar it meitsje litten fan enerzjy skens of in ûndersyk nei de finansjele helberens fan in ynstallaasje mei sinnepanielen. It maksimale subsydzjebedrach is 2500 euro. Oanfreegje kin fia it Samenwerkingsverband Noord-Nederland.

Del te laden:

Pagina opties