Beslutelist Deputearre Steaten 21 maaie 2019

1. Feroardering geitehâlderijen

De foarriedige stop op de komst fan geitehâlderijen bliuwt noch in jier jildich. De provinsje naam dat beslút yn febrewaris op grûn fan it advys fan GGD Fryslân. Op de ûntwerp wizigingsferoardering binne sjenswizen yntsjinne. Nei oanlieding fan dy reaksjes past it kolleezje de regels foar de foarriedige geitestop op in tal punten oan.

2. Begrutting mobiliteitsburo 2020

It kolleezje nimt kennis fan de begrutting foar it mobiliteitsburo yn Noardeast-Fryslân en leit dy oan Provinsjale Steaten foar. It útstel oan de Steaten is om gjin sjenswize yn te tsjinjen. It mobiliteitsburo bondelet it mienskiplik doelgroepeferfier (Wmo- en learlingeferfier) en it lytsskalige OV (de Opstapper), mei as doel om de leefberens troch berikberens te stimulearjen.

3. PS-brief streekaginda’s

Yn it brief oan Provinsjale Steaten jout it kolleezje ûnder oare oan hoe’t de stjoergroepen fan de fiif Streekwurkregio’s nei in ferfolch fan de Streekaginda’s sjogge. Dy aginda’s rinne ein dit jier ôf. De stjoergroepen binne foar it fuortsetten fan de gearwurking. Dêrby wurdt wol pleite foar mear paswurk nei gebiet troch bygelyks eigen tema’s te beneamen.

4. Agresje op it wurk

Spitigernôch komt it ek yn Fryslân foar dat meiwurkers agressyf troch it publyk benei kommen wurde. De provinsje wol meiwurkers in feilich wurkplak biede. Dêrom is it besteande belied aktualisearre. Meiwurkers publykskontakten mei in ferhege risiko op agressyf gedrach sille in training dwaan om te learen dêr mei om te gean. Ek komt der in leechdrompelige meldingsproseduere. Sa komt der mear kennis oer hokker ynsidinten der plak hawwe en hoefolle. Alle provinsjes hawwe in soartgelikens belied. Dat is ferplichte yn it ramt fan de Arbowet. Fryslân hat dêrneist aktyf belied dat agresje net akseptearre wurdt. Gedrach dat bûten de noarm giet moat altyd meld wurde. As it giet om fysyk geweld of bedriging kriget de dieder (as dy bekend is) in brief en folget oanjefte by de plysje.

5. Ôfbouregeling foar boeren yn probleemgebieten

Boeren yn Fryslân dy’t lânbougebieten hawwe mei in natuerlike beheining (probleemgebieten), kinne gebrûk meitsje fan in subsydzje ôfbouregeling. Deputearre Steaten stelle dêrfoar in bedrach fan € 280.200 beskikber. Betingst is dat de boeren yn 2014, 2015 of 2016 oan agrarysk natuerbehear meidiene en dêrfoar gjin subsydzje ûntfongen hawwe. Oanfreegje kin fan 1 augustus 2019 oant en mei 30 septimber 2019.

6. Represintaasjekosten kolleezje

Op de webside publisearje wy it oersjoch fan de represintaasjekosten fan it kolleezje fan Deputearre Steaten fan it earste fearnsjier fan dit jier.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.