Beslutelist Deputearre Steaten 21 april 2020

1. Noch gjin besluten oer ekstern saldearjen en it beskikber stellen fan stikstofromte mei leasekontrakt

De provinsje Fryslân nimt foarearst noch gjin beslút oer it ekstern saldearjen tusken/mei feehâlders en it, mei in leasekontrakt, beskikber stellen fan stikstofromte. Yn de petearen mei de efterban, yn saneamde dialooch-sesjes, die bliken dat de sektoaren – bou, natuer en lânbou – om ferskate redenen net posityf steane foaroer de foarstellen oer it ekstern saldearjen en beskikber stellen fan stikstofromte mei leasekontrakten. De provinsje bliuwt yn petear neffens ‘De Fryske Oanpak’ mei de ferskillende sektoaren om te sjen hoe’t omgien wurdt mei dizze ûnderwerpen en hokker passende maatregels nommen wurde kinne.

2. Neisoarchfûnsjilden foarearst net belein

It jild fan it Fûns Neisoarch Stoartplakken Fryslân wurdt net belein. By de behanneling fan de Begrutting 2020 yn novimber ferline jier is tasein dat ûndersocht wurde soe oft it ek mooglik is (in diel fan) it jild te belizzen yn it fûns. It ûndersyk hat útwiisd dat it belizzen fan de Neisoarchjilden op it stuit te min rendemint opleveret. De kommende jierren sil besjoen wurde op hokker wize de jilden nei 2024 belein wurde kinne.

3. Startnotysje Regionale Gearwurking en beliedsbrief Komplekse maatskiplike inisjativen

It kolleezje fan DS leit de startnotysje Regionale Gearwurking en it beliedsbrief Komplekse maatskiplike inisjativen foar oan Provinsjale Steaten. Yn de earste wurdt it foarstel dien foar de fuortsetting fan de Fryske regionale gearwurking, lykas dy no fia Streekwurk syn beslach kriget. Oer de Komplekse maatskiplike inisjativen wurdt in wurkwize foarsteld hoe’t der omgien wurde kin mei dat soarte fan inisjativen. Foarbylden dêrfan binne Holwerd aan Zee en Tsjûkemar. Dêrmei wurdt ynfolling jûn oan ien fan de resultaten yn it bestjoersakkoart.

4. Diskusjenota bestjoerlike fernijing

Hoe kin de Fryske boarger yn de takomst it bêste betsjinne wurde? Dat is it úteinlike doel fan de diskusjenota oer bestjoerlike fernijing dy’t oan de Provinsjale Steaten foarlein is. De wrâld feroaret en dat freget om in oare rol en wurkwize fan gemeente, provinsje en oerheidsynstellingen. De nota is in útnûging oan oerheden en oare partijen om mei-inoar yn petear te gean oer nije foarmen fan gearwurkjen en prosessen. Fryslân wol dêryn foarop rinne. It proses is al yn gong set. In foarbyld is The Right to Challenge, wêrby’t bewenners taken fan de oerheid oernimme as sy tinke it tûker, better of goedkeaper dwaan te kinnen.

5. Subsydzje Lânboutransysje Skiermûntseach

De provinsje Fryslân jout in subsydzje fan 164.000 euro oan de Feriening Boerenbelang Skiermûntseach (VBS) en de Suvelkoöperaasje Skiermûntseach foar de lânboutransysje op it eilân. Sân boeren sille in part fan harren molkeproduksje (kij) ynruilje foar in eigen suvelproduksje, dy’t by ien fan de boeren ynrjochte wurdt. Mei dizze transysje wurdt foldien oan de winske stikstofreduksje fan de provinsje. Neist de suvelproduksje hat it projekt ek sirkulêre lânbou en de ûntwikkeling fan bioferskaat yn de Banckspolder as doel.

Del te laden:

Pagina opties