Beslutelist Deputearre Steaten 2 juny 2020

1. Oanbesteging buskonsesje foarearst útsteld

De provinsje nimt mear tiid foar de oanbesteging fan de buskonsesje 2022-2032. Troch de ympakt fan ‘koroana’ bestiet oars mooglik it risiko dat ferfierders ôfhâldend wêze sille mei ynskriuwings. Dêrom wol de provinsje no earst ferfierbedriuwen hifkje oer in oanpaste oanbestegingsproseduere. Ek de publikaasje fan de reaksjenota wurdt útsteld. Boargers en ynstânsjes dy’t reagearre hawwe op it foarriedige programma fan easken, krije dêr berjocht oer.

2. Proef Hurdfarre Burgumer Mar kriget ferfolch yn 2021

De proef mei it hurdfarren op ‘e Burgumer Mar, dêr’t yn 2019 mei útein set is, kriget yn 2021 in ferfolch. It kolleezje fan Deputearre Steaten hat besletten om 2020 oer te slaan. Reden dêrfoar is dat der noch gjin definitive útspraak fan de rjochter is oer dy proef. DS hopet op in positive útspraak, dat it ferfolch takom jier feitlik mooglik wurdt.

3. Gearwurkingsoerienkomst Regio Deal Versnellingsagenda Noardeast-Fryslân

De provinsje Fryslân hat ynstimd mei de gearwurkingsoerienkomst foar de Regio Deal Versnellingsagenda Noardeast-Fryslân. Dy ynstimming kin sjoen wurde as in wichtige stap yn de realisaasje fan de Versnellingsagenda dy’t de brede wolfeart yn de regio fergrutsje moat. Beslútfoarming kriget takom wike syn beslach yn de fjouwer gemeenten yn de regio Noardeast-Fryslân.

4. Faunabehearplan Ree 2020-2024 goedkard

It kolleezje fan Deputearre Steaten hat it Faunabehearplan Ree 2020-2024 goedkard. Dat plan is troch de Faunabehearienheid (FBE) opsteld en moat formeel troch de provinsje Fryslân goedkard wurde. It plan is basearre op it nije belied oangeande de beskerming en it behear fan de ree yn Fryslân, sa’t DS dat yn juny 2019 fêststeld hat. Mei dizze goedkarring is de útfiering fan it belied foar reeën garandearre.

5. Stipe foar fisktrek by Waadsee en Lauwersmar

De provinsje draacht 150.000 euro by oan it projekt Vissen voor Verbinding. Dat projekt, dat earder al jild út it Waadfûns krige, rjochtet him op it ferbetterjen fan de kondysjes foar trekfisken yn it gebiet fan Waadsee en Lauwersmar mei efterlizzende beken. It provinsjale jild is bedoeld foar oanpassings by de Robbegatslûs en de R.J. Cleveringslûzen yn Lauwerseach.

6. Ynsidintele subsydzje projekt Uitvoering Energieplan WEN 2020

Enerzjykoöperaasje Wijnjewoude Energieneutraal (WEN) kriget 25.000 euro subsydzje. Dat is bedoeld foar harren Energieplan 2020. Dêryn set Wynjewâld yn op mear duorsumens yn ‘e mande mei de ynwenners. WEN stribbet nei in enerzjyneutraal Wynjewâld yn 2025.

7. Iepenstelling Subsydzjeregeling Monuminten (2020)

Eigeners fan Fryske monuminten kinne yn septimber 2020 subsydzje by de provinsje oanfreegje fia de Subsydzjeregeling Monuminten (SUMO). Fan ’t jier is mei-inoar 2,5 miljoen euro oan Ryks- en provinsjaal jild beskikber foar ûnder oare restauraasje, werbestimming en ûnderhâld mûnen.

8. Rapport oer natuerbelied ûnder de Wet natuurbescherming

Yn opdracht fan in tal miljeu- en natuerorganisaasjes ferskynde it rapport ‘Decentraal natuurbeleid onder de Wet natuurbescherming’. Ien fan de wichtichste konklúzjes is dat it foar de provinsjes in útdaging bliuwt om guon natuerdoelen te heljen, om’t it somtiden dreech is de lêste stikken grûn oankeapje te kinnen. Dêrby hawwe de provinsjes it Ryk nedich om de krekte betingsten de skeppen. Begjin 2017 giene in soad natuertaken fan it Ryk nei de provinsjes oer. It rapport jout in byld fan de natuerambysjes yn provinsjale fisys, mar beskriuwt ek de ynset fan alle provinsjes oant ein maart 2019 op ûnderskate tema’s foar natuerbelied.

Del te laden:

Pagina opties