Beslutelist Deputearre Steaten 2 july 2019

1. Natuerbehearplan 2020

Der kamen tsien sjenswizen op it Natuerbehearplan 2020 yn. Dy binne foar it grutste part oernommen, lykas it fersyk fan Staatsbosbeheer. Fraach wie om better nei de plante- en fegetaasjesoarten yn it Lauwersmargebiet te sjen. It is dêr wieter as de oarspronklike kaart oanjoech, wêrtroch’t in oar type natuerbehear yn it gebiet nedich is. It Natuerbehearplan 2020 jout oan wêr’t subsydzjemooglikheden foar natuerbehear en agrarysk natuerbehear binne.

2. Kennisdossier Ûnderwijs en Krimp

It Kennisdossier Ûnderwijs en Krimp is in troch de provinsje bondele ynformaasjedossier, dat foar skoalbestjoerders fan it fuortset en primêr ûnderwiis en wethâlders ûnderwiis relevant is. Dy bondeling befettet in tal publikaasjes dy’t oant no ta allinne digitaal en beheind dield binne, oanfolle mei de aktualiteit. It Kennisdossier Ûnderwiis en Krimp wurdt foar ynformaasje en mei in begeliedend brief oan de wethâlders ûnderwiis en skoalbestjoeren po en vo yn Fryslân stjoerd.

3. Oanpassing subsydzjeregeling kavelynrjochting

Boeren krije langer de tiid om gebrûk te meitsjen fan de provinsjale Regeling Kavelinrichting. Troch it letter iepenstellen wurdt de provinsjale Regeling Kavelinrichting mei fiif moanne ferlinge.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.