Beslutelist Deputearre Steaten 16 juny 2020

1. Ekstra subsydzje foar enerzjybesparjende maatregels

Huze-eigeners yn Fryslân kinne in ekstra temjittekomming krije as sy harren wente enerzjysuniger meitsje. De provinsje wol mei in ynvestearring fan 5,2 miljoen euro ynwenners oanmoedigje om isolearjende maatregels te nimmen. Sy krije dan 10% ekstra subsydzje boppe-op de 30% dy’t it Ryk jout. Moatte sy in liening foar dy maatregels ôfslute dan kinne se in rintekoarting fan 0,5% krije.

2. Gjin leezjes foar eveneminten dy’t net trochgeane

Eveneminten dy’t troch de koroanamaatregels net trochgeane, hoege gjin leezjes oan de provinsje te beteljen. Organisaasjes dy’t de leezjes al betelle hawwe, krije it jild werom. It giet oant no ta om sa’n 20 oanfragen en in bedrach fan goed 7000 euro. Omdat net bekend is hoelang’t it ferbod op fergunningplichtige eveneminten noch duorret, is noch net dúdlik hoe heech it totaalbedrach fan ’t jier wêze sil.

3. Nije stap grinskorreksje Skiermûntseach

It Waadgebiet is gjin dei gelyk. De dynamyk fan de tijen soarget der ek foar dat de foarm fan de eilannen feroaret. It eilân Skiermûntseach is dêrtroch oan de eastkant oer de gemeentegrins groeid. Om ûndúdlikheden oer behear en by kalamiteiten foar te kommen hawwe de kolleezjes fan de oanbelangjende gemeenten en de provinsjes mei-inoar besletten om in grinskorreksje troch te fieren. It útstel is dat de nije grins yn ‘e midden fan it soal fan de Eilanderbalg komt te lizzen, krekt as by de eardere korreksje op 1 jannewaris 2006. Der binne yn de ynspraakperioade fjouwer sjenswizen yntsjinne, trije dêrfan stypje de plannen. In fjirde sjenswize jout in alternatyf foar de grinskorreksje. DS advisearret Provinsjale Steaten om mei it weryndielingsûntwerp yn te stimmen, sadat de grinskorreksje op 1 jannewaris 2021 yngean kin.

4. Oanpassing beliedsregels stikstof

De provinsje Fryslân past de beliedsregels stikstof op fjouwer punten oan. De besteande beliedsregels hiene yn de praktyk inkelde effekten dy’t sa net bedoeld wiene. Sa binne de oanpassings bygelyks nedich om projekten, dy’t fan it stikstofregistraasjesysteem (srrs) gebrûk meitsje fergunne te kinnen of ûnder beskate betingsten it yntern saldearjen mei al sloopte gebouwen ta te stean. De wizigings strike mei de troch de tolve provinsjes mienskiplik makke ôfspraken. De oanpassings geane perfoarst net oer it ‘verleasen’ of it ekstern saldearjen mei feehâlderijen. Dêr wurdt op in letter stuit in beslút oer nommen.

Del te laden:

Pagina opties