Beslutelist Deputearre Steaten 14 maaie 2019

1. Searje projekten by it fieren fan 75 jier frijheid

In reüny fan Joadske flechtlingen en ûnderdûkers, omtinken foar de Overval op de Blokhuispoort en foar it  it ôfreizgjen fan de lêste Dútsers fan Skiermûntseach. It binne trije fan in searje projekten, dêr’t de provinsje Fryslân takom jier 75 jier frijheid mei fiere wol. Foar it fieren fan dy frijheid lûkt de provinsje 650.000 euro út. Dat is 1 euro de ynwenner.

2. Mear tiid foar administraasje provinsjale grûn en wetters

Wa’t sûnder in fergoeding te beteljen gebrûk makket fan provinsjale grûn of wetter, kriget langer de tiid om dêroer mei de provinsje ta in regeling te kommen. It ôfhanneljen fan de 1700 saken dy’t der noch binne, kostet mear tiid en muoite as earder tocht waard. Dat komt ek omdat de provinsje ta minlike regelings komme woe. Troch ekstra amtlike ynset yn de kommende fiif jier ferwachtet de provinsje wer mear gong te setten. De ekstra kosten bedrage hast 1,3 miljoen euro. De provinsje is op grûn fan de Provinciewet ferplichte om foar te kommen dat eigendommen troch gewoanterjocht net mear fan har binne. Dêrneist is de provinsje op grûn fan de provinsjale wege- en farweiferoarderings ferplichte in goede steat fan ûnderhâld en feiligens fan har diken en wetterwegen te garandearjen.

3. 1e Bestjoersrapportaazje 2019

Noch in jier mei Streekwurk trochgean, aktiviteiten yn ferbân mei 75 jier befrijing, Aginda2028, museum Belvédère en it iepenstellen fan de POP3 subsydzje-regelings foar lânskipsbehear en jonge boeren. In pear ûnderdielen út de begruttingswizigings dy’t DS oan PS by de earste bestjoersrapportaazje fan 2019 útstelt. Twa kear yn ‘t jier leit DS ferantwurding oan PS ôf oer it wurk dat dien is. Wêr’t dat nedich is, kin DS by de Berap ek oan PS freegje om ekstra jild of om budzjetten te ferskowen of langer beskikber te hâlden.

4. Fuortgongsrapportaazjes Ljouwert-Fryslân 2018 fearnsjier 3 en 4

Op basis fan de lêste twa fuortgongsrapportaazjes út 2018 fan Stichting Leeuwarden-Fryslân 2018, is  de ferwachting dat LF2018 finansjeel posityf ôfsletten wurdt. De definitive sifers fan it projekt folgje letter fan ‘t jier yn de jierrekken 2018.

5. Hannelsmisje Sina

Fan 15 oant en mei 23 juny 2019 giet in delegaasje mei fertsjintwurdigers fan bedriuwslibben en semy-oerheid op hannelsmisje nei Sina. De delegaasje wurdt laat troch deputearre Kielstra. Op dizze misje giet de delegaasje nei de plakken Chengdu en Harbin yn de provinsjes Sichuan en Heilongjiang. Mei beide provinsjes ûnderhâldt Fryslân al in skoft freonskiplike en ekonomyske bannen. De misje strykt mei it yn 2018 fêststelde Sinabelied.

6. Bydrage Voedingsapplicatiecentrum

Hogeschool Van Hall Larenstein kriget goed ien miljoen euro foar de realisaasje fan in testplak foar it ferwurkjen fan iten, oftewol in ‘voedingsapplicatiecentrum’. Ûnderwiis en bedriuwen wurkje dêrby oan ferbettere prosessen oangeande it ferwurkjen fan iten. It sintrum komt yn it eardere Water Applicatie Centrum yn Ljouwert. In foarbyld fan in konkreet projekt is The Bakery Experience, dêr’t se ûnder oare mei 3D-printing wurkje.

7. Oanpassings N359 De Lemmer-Sondel

De N359 tusken De Lemmer en Sondel wurdt as 100 km/ autodyk ynrjochte. Ien fan de maatregels dy’t de provinsje nimt om dat mooglik te meitsjen, is it safolle mooglik opheffen fan tagongen nei hiemen en trochstekken. Dy maatregel draacht by oan it ferbetterjen fan de ferkearsfeilichheid. It Wegenwetbesluit leit de kommende seis wike foar belanghawwenden op besjen.

8. Swimwetterlokaasjes

Op it ûntwerpbeslút fan de swimwetterlokaasjes yn Fryslân binne gjin sjenswizen of betinkings ynkommen. Útgeande fan 2018 is Dolsterhuzen in nije swimwetterlokaasje. Mear ynformaasje oer swimwetter stiet op www.fryslan.frl/zwemwater.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.