Beslutelist Deputearre Steaten 14 april 2020

1. Lytse inisjativen krije 500 euro út it Iepen Mienskipsfûns

De provinsje Fryslân stelt foar alle regio’s ekstra jild beskikber foar lytse iensumens- en leefberensinisjativen. Der is 500 euro it inisjatyf út it Iepen Mienskipsfûns beskikber. Fierder stipet de provinsje de lobby fan de Landelijke vereniging voor Kleine Kernen (LvKK) om doarpshuzen en wyksintra ta de regeling ‘Tegemoetkoming Schade Covid-19’ ta te litten.

2. Fjouwer moanne ekstra tiid foar Regionale Enerzjy Strategy

Fryske oerheden krije mear tiid om harren konsept Regionale Enerzjy Strategy (RES) oan te leverjen. Oarspronklik moast dat fóár 1 juny. De koroanakrisis soarget foar  opûnthâld. De provinsjes krije no fan it Ryk oant 1 oktober de tiid. Yn it konsept beskriuwe oerheden harren oanbod oan it Ryk oangeande hoefolle duorsume enerzjy oft Fryslân oan de nasjonale doelstelling bydrage sil en hoe’t se dat realisearje wolle.

3. Ûndertekening gearwurkingsoerienkomst Regionale Oanpak Laadynfrastruktuer Noard

De provinsje helpt de gemeenten om genôch laadpunten te organisearjen foar it groeiend tal elektryske auto’s. Yn Noard-Nederlân is Fryslân dêrfoar yn de kommende jierren oansprekpunt fan it Ryk. Ynkoarten tekenje Ryk en provinsjes in gearwurkingsoerienkomst. Oant en mei 2023 stelt it Ryk foar Fryslân 585.000 euro prosesjild beskikber. De gemeenten en de provinsje moatte dat bedrach mei-inoar ferdûbelje.

4. Ûntwerp Natuerbehearplan Fryslân 2021 op besjen

Alle jierren wurdt it natuerbehearplan by de tiid brocht en op besjen lein. Yn it Natuerbehearplan wurde de beliedsdoelen en de subsydzjemooglikheden foar ûntwikkeling en behear fan natuer, agraryske natuer en lânskipseleminten beskreaun. It Ûntwerp Natuerbehearplan Fryslân 2021 leit digitaal op besjen fan 18 april oant en mei 31 maaie 2020.

Del te laden:

Pagina opties