Beslutelist Deputearre Steaten 11 maaie 2020

1. Oanpassing Feroardering Romte

De Feroardering Romte – dêr’t yn stiet wat wol en net mei yn de iepenbiere romte – is oan it provinsjale Bestjoersakkoart oanpast. Dêrtroch komme der mear mooglikheden foar wynmûnen. It wurdt no bygelyks mooglik om foar eigen enerzjyferlet maksimaal trije wynmûnen mei in ashichte (de hichte fan de mûne sûnder wjokken) fan 15 meter by in pleats del te setten. In miks fan sinnepanielen en wynmûnen is ek mooglik. Besteande doarpsmûnen meie oant 100 meter opskaald wurde.

2. Provinsje past omjouwingsfisy De Romte Diele oan

De nije omjouwingsfisy De Romte Diele is oanpast. Nei’t de konsept-fisy ferline jier yn ‘e hjerst oan de mienskip foar ynspraak foarlein is, binne likernôch santich reaksjes ynkommen. Op twa punten hat dat ta ynhâldlike feroarings laat: feangreide en waadgebiet. Ek is de tekst op in tal plakken ferdúdlike. It is no oan Provinsjale Steaten om de fisy definityf fêst te stellen.

3. Útfieringsaginda en oanpaste Beliedsbrief Fryslân en Europa 2020-2023

De koroanakrisis en petearen mei partners jouwe reden om it Beliedsbrief Fryslân en Europa by te stellen. Ek hat DS de útfieringsaginda fêststeld. It beliedsbrief en de útfieringsaginda rjochtsje harren op de Fryske relaasje mei Europa yn de kommende jierren ûnder ‘normale’ omstannichheden. De koroanakrisis soarget wilens foar omstannichheden dy’t heaksk steane op wat yn fredestiid as ‘normaal’ jildt. Ferrin en ôfrin fan dy krisis litte harren ûnmooglik foarsizze en dat jildt ek foar de ympakt op Europa en de Fryske ambysjes, dy’t wy yn dy stikken yn grutte halen beskriuwe. Wol sjogge wy in beweging yn Europa rjochting sûnens en soarch. Dy tema’s binne dêrom oan it beliedsbrief, dy’t dizze moanne yn PS behannele wurdt, tafoege.

4. Swimlokaasjes 2020 fêststeld

De swimlokaasjes foar it seizoen fan 2020 binne oanwiisd. De FUMO kontrolearret yn de perioade fan 1 maaie oant 1 oktober dy fyftich lokaasjes op hygiëne en wetterkwaliteit. Op basis fan mjittings kinne sy in warskôging, negatyf swimadvys of swimferbod ôfjaan. Buorden by swimwetterlokaasjes, de lanlike swimwetterapp en de webside www.zwemwater.nl biede aktuele ynformaasje oer de swimwetterlokaasjes oan. Op it stuit jildt der in negatyf swimadvys foar De Leien en Swimplak Eastermar. Ek foar it besykjen fan de swimwetterlokaasjes jilde de lanlike koroanamaatregels.

Del te laden:

Pagina opties