Beslutelist Deputearre Steaten 11 juny 2019

1. Drokker op provinsjale diken

It tal deadlike ferkearsslachtoffers is yn 2017 en 2018 foar trije jier lyn oer sakke. It ideaalbyld fan nul ferkearsdeaden is lykwols noch fier fuort. Op ús provinsjale diken is it yn 2017 en 2018 drokker wurden. Dy groei wie ferwachte en jout dêrtroch gjin nije knyppunten. It gebrûk fan it iepenbier ferfier gie yn 2017 omheech en sakke yn 2018 yn bytsje. It fytsferkear is net omheech gien, it is dus nedich om it fytsen mear te stimulearjen. Dizze en mear ynformaasje is te finen yn de monitoaringsrapportaazje Ferkear en Ferfier 2018.

2. Frysk OV skoart 7,8

Reizgers binne posityf oer it iepenbier ferfier yn Fryslân yn 2018. Trochinoar wurdt it bus- en treinferfier mei in 7,8 beoardiele (7,7 yn 2017). Dat leit boppe it lanlik trochsneed sifer foar it iepenbier ferfier yn Nederlân (7,7 yn 2018). Yn 2018 is der yn Fryslân wat minder mei it iepenbier ferfier reizge as yn 2017: 15,6 miljoen minsken stapten yn mei in OV-chipkaart, dat 1,3% leger as yn 2017. Der binne ek minder kilometers makke as yn 2017, mooglik hat dat mei de stakings fan begjin 2018 te krijen. Der wiene minder ynsidinten yn de Fryske bussen en treinen. Dizze en mear ynformaasje is te lêzen yn de Jaarrapportage OV 2018.                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                                      

3. Bydrage oan Vereniging Circulair Friesland

It sirkulêr ynkeapjen troch oerheden is in wichtige prikel foar de sirkulêre ekonomy. Foar in projekt om dat te ferhastigjen kriget de Vereniging Circulair Friesland (VCF) in subsydzje fan 100.000 euro. Dat jild brûke sy ûnder oare foar it meitsjen fan in katalogus mei produkten dêr’t ek sirkulêre farianten fan te krijen binne en foar it ynventarisearjen fan ikoanprojekten. VCF is de wichtichste spil yn Fryslân foar it heljen fan ús doel om yn 2025 ien fan de trije meast sirkulêre regio’s fan Europa te wêzen. Ûnderwilens binne der likernôch 90 organisaasjes lid fan de feriening, dêrûnder alle gemeenten yn Fryslân.

4. Nije oanpak natuerûntwikkeling yn Fryslân

De organisaasje Natuer mei de Mienskip sil mei de provinsje Fryslân gearwurkje oan de Fryske natueropjefte. It doel is om mear natuer foar elkenien te kreëarjen. It belang fan bioferskaat stiet dêrby foarop. De kommende twa jier wurde trije proeven útfierd. Dy moatte útwize oft de nije oanpak foar ûntwikkeling en behear fan de Fryske natuer wurket. Tagelyk geane de de fjouwer rinnende gebietsûntwikkelingsprojekten troch. Yn Achtkarspelen Súd wurdt de ynrjochting op basis fan it plan ‘Mieden op z’n Mooist’ dien. De oankeapstop foar grûn dy’t nedich is foar de útfiering fan dat plan wurdt opheft. Deputearre Steaten lizze dat útstel oan Provinsjale Steaten foar, dy’t der yn july in beslút oer nimme.

5. Beslissing oer argeologysk ûndersyk Wurdum

Der wie by de tarieding fan de nijbou fan it kearnfokbedriuw CRV by Wurdum gjin sprake fan it ‘wittens en mienens’ ferneatigjen fan in argeologysk fynplak. Dat konkludearret de provinsje as ynterbestjoerlik tafersjochhâlder nei in klacht dêroer. Wol advisearret de provinsje de gemeente om yn de takomst mear tiid te nimmen foar yngeand ûndersyk. De terp út de Izertiid op de lokaasje fan de nijbou hat nei alle gedachten grutter west as de ûndersochte bouput.

6. Oanfolling oerienkomst Nij Hiddum Houw

De Omjouwingsoerienkomst tusken de inisjatyfnimmers fan wynpark Nij Hiddum Houw en de Omjouwingsadvysried wurdt oan de saneamde Anterieure Oerienkomst, dy’t op 11 jannewaris 2018 fêstlein is, tafoege. Yn de Omjouwingsoerienkomst binne ôfspraken opnommen oer ûnder oare de lokaasje fan de mûnen, lûd en in sûnensmonitor.

7. Beneaming lid Ried fan Tafersjoch Fries Museum

De hear Hicham Khalidi wurdt as lid fan de ried fan tafersjoch fan it Fries Museum beneamd. De hear Khalidi is troch it Fries Museum foardroegen fanwegen syn saakkundigens op it mêd fan hjoeddeistige byldzjende keunst en keramyk. Khalidi is direkteur fan de Jan van Eyck Academie yn Maastricht en wie dêrfoar ûnder oare associate curator by Lafayette Anticipation, Fondation d’entreprise Galeries Lafayette yn Parys. Mei de komst fan Khalidi kriget de ried fan tafersjoch in ekspert op it mêd fan hjoeddeistige byldzjende keunst mei in grut ynternasjonaal netwurk.

8. Gefolch Ried fan Steat-útspraak oer stikstofoanpak

Programma Aanpak Stikstof (PAS) mei net as basis foar tastimming foar aktiviteiten brûkt wurde, sa oardiele de Ried fan Steat. Op it stuit wurdt foarútrinnend op takomstige positive gefolgen fan maatregels yn beskerme natuergebieten, tastimming jûn foar aktiviteiten dy’t mooglik skealik foar dy gebieten binne. Sa’n tastimming ‘foarôf’ mei net (mear), neffens de RfS. Dat hat fiergeande konsekwinsjes foar ús ambysjes op meardere mêden (û.o. wenningbou, ynfrastruktuer, klimaat).

9. Iepenstelle e-loket

Mear en mear produkten en tsjinsten wurde fia it eigen digitale loket fan de provinsje oanbean. Deputearre Steaten hawwe besletten om mear faasje yn de ûntwikkeling dêrfan te bringen, troch it online oanbieden fan produkten makliker te meitsjen. It giet dan om it (yn de takomst) digitaal oanfreegjen fan in subsydzje, in fergunning, in ûntheffing, it yntsjinjen fan in Wob-fersyk, in beswierskrift of in klacht.

Del te laden:

Pagina opties

Besjogge jo dizze webside it leafst yn it Nederlânsk of yn it Frysk? Selektearje jo foarkar.

De hjoeddeistige taalfoarkar is:

FryskNederlands

As jo jo foarkar letter feroarje wolle, klik dan op de flagge rjochts boppe-yn de webside.