1. Mear subsydzje foar oersetten literatuer

Deputearre Steaten lûke €7.200,- ekstra út foar subsydzje foar de Fryske taal. Dy subsydzje is bedoeld foar it oersetten fan literatuer nei it Frysk. Mei dit ekstra jild kinne der seis yn plak fan trije oanfragen beskikt wurde. Mei inoar betsjut dat in subsydzjebedrach fan €18.200,-.

2. Ynterfrysk moetsjen yn Dútslân

Fan de Dútske Fryslannen út is ús provinsje frege oft wy mei harren mooglik in ynterfrysk moetsjen organisearje wolle. Dizze op te setten gearkomste foar û.o. fertsjintwurdigers fan de ferskillende Fryske parleminten yn Fryslân en Dútslân, soe yn 2023/2024 plakfine kinne. Doel is dêr mei de ferskate Fryslannen te praten oer û.o. ús ferskaat oan Fryske talen, erfguod en mooglike gearwurking. DS hat tasein hjir posityf tsjinoer te stean as de Fryske Dútslannen dit inisjatyf fierder oppakke.