Yn novimber 2023 wizige de subsydzjeregeling 'Voorkomen schade door wolven'. Deputearre Steaten makken de subsydzjeregeling tagonkliker foar bistehâlders. Sûnt dy tiid is der mear gebrûk makke fan de regeling. Dêrom stelt Deputearre Steaten € 250.000 ekstra beskikber. Dêrneist is de regeling no ek beskikber foar hâlders fan alpaca’s en bargen. 

Deputearre Matthijs de Vries is bliid dat der mear gebrûk makke wurdt fan de subsydzjeregeling: "Op dit stuit is wolveskea allinnich foar te kommen troch wolkearende maatregels te nimmen. Wy wolle feehâlders dêrom safolle mooglik stimulearje en fasilitearje mei de subsydzjeregeling. Troch € 250.000 ekstra beskikber te stellen, kinne noch mear bistehâlders wolfkearende stekken keapje.”

Sûnt novimber ûntfange oanfregers fan de subsydzjeregeling de subsydzje foardat se wolfkearende rasters oanskaffe. Earder wie dat achterôf. De regeling wie yn novimber al útwreide foar hâlders fan kij, hynders en ponys. No kinne ek hâlders fan alpaca’s en bargen gebrûk meitsje fan de subsydzjeregeling, lykas yn de provinsjes Drinte en Oerisel al it gefal is. 

Njonken de subsydzjeregeling wurket de provinsje gear mei IPO, BIJ 12, LNV en alle provinsjes oan in aktualisearre ynterprovinsjaal wolveplan. Dit plan moat mear rjochting jaan oer hoe 't de minske konfliktearm mei de wolf gearlibje kin. De oplevering dêrfan wurdt ein 2024 ferwachte. Nei oanlieding fan in moasje yn Provinsjale Steaten yn desimber 2023 docht Deputearre Steaten dêrneist ek ûndersyk nei maatregels oangeande previnsje, populaasjebehear en de oanpak fan probleemwolven.