Wolle jo te waadrinnen as gids, begelieder, sololoper of wolle jo waadrinnen organisearje? Jo hawwe dêrfoar in fergunning nedich om it waad op te meien. Fia dizze site kinne jo digitaal jo fergunning oanfreegje foar de provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân. Yn ûndersteand oersjoch stiet hokker fergunning oft jo nedich hawwe. Om in oanfraach yn te tsjinjen, hawwe jo as organisaasje e-Herkenning en as persoan DigiD nedich.

Wolle jo as dielnimmer meirinne mei in groep? Der binne ferskate waadrinorganisaasjes dy 't tochten oanbiede. As dielnimmer hawwe jo gjin fergunning nedich.

Infographic waar in beschreven wordt wat te doen bij wadlopen

Wat stiet der yn de infographic? 

Kennis oer waadrinne opfrissen?

Elkenien dy 't syn of har kennis opfrisse wol, kin dizze e-learning fergees en alhiel frijbliuwend trochrinne. Dizze e-learning is ûntwikkele troch de Provinsjes Fryslân, Grinslân en Noard-Hollân spesjaal foar begelieders fan natuer-edukative tochten, drûchfallende platen, oerstekken groepen en sololopers. Foar dizze doelgroep is it trochrinnen derfan ferplichte foar it oanfreegjen fan in fergunning.

E-learning foar begelieders en solorinners oer waadrinne

E-learning foar waadringidsen

E-learning feilich waadrinne foar gidsen Waadrinne op de Waadsee moat feilich barre. Dêrom hat de Coördinatie Regeling Waddenzee (CRW) in e-learning-module 'Veilig wadlopen' makke. De e-learning is troch de Veiligheidsregio Fryslân ûntwikkele en bedoeld foar gidsen. Yn de nijsbrief lêze jo oer de nije (ferplichte) e-learning foar sololopers en begelieders. Nei it trochrinnen fan dizze e-learning kinne jo in fergunning oanfreegje. Fierder lêze jo oer de nije Waadrinferoardering 2023 en de nije e-learning fan de Veiligheidsregio Fryslân.

Besjoch ek de Coördinatie Regeling Waddenzee. De CRW is in netwurk fan helpferlieningsorganisaasjes dy't mei-inoar ferantwurdlik binne foar de ynsidint en rampebestriding op de Waadsee.

Toolkit waadrinne