Keunst en kultuer foar alle Friezen. Yn it bysûnder bern en jongerein. Lês ús ambysjes yn de nije kultuernota 'Tosken yn in nije tiid 2021 -2028'. Dêr fine jo de finansjele tabel dy't derby heart.

Us útgongspunt foar de kommende jierren is dat it belibjen en meitsjen fan keunst en kultuer foar elkenien yn Fryslân tagonklik wêze moat en dat ús kultueroanbod oantreklik is foar besikers. Allinnich dan komme de persoanlike, maatskiplike en artistyk-ynhâldlike wearden fan kultuer goed ta harren rjocht. Dat útgongspunt meitsje wy konkreet yn de neikommende fjouwer ambysjes:

  1. Alle Friezen hawwe tagong ta keunst en kultuer, yn it bysûnder bern en jongerein. 
  2. Keunst en kultuer ferrykje ús provinsje. In kwalitatyf heechweardich oanbod, dêr't sawol ynwenners fan Fryslân as besikers fan genietsje kinne, stiet foarop.
  3. Talint fynt binnen en bûten ús provinsjegrinzen folop de romte om harsels te ûntploaien en sjen te litten. 
  4. Kulturele ynstellingen, en yn it bysûnder musea, fertelle it ferhaal fan Fryslân oansprekkend en op in aktuele wize.

Op 19 juny 2024 beprate Provinsjale Steaten de kultuernota 2021 -2028 ‘Tosken yn in nije tiid’ yn de Steategearkomste.