Dizze regeling is sletten.

Yn ‘e provinsje Fryslân fêstige bestjoersorganen dy’t net ûnder de sintrale oerheid falle kinne subsydzje oanfreegje foar it útfieren fan aktiviteiten as opnaam yn de LTA 2030. Dêrneist kin subsydzje oanfrege wurde troch in ûndernimming, stichting of in feriening mei folslein rjochtsfoech, dy't yn Fryslân fêstige is oft de provinsje Fryslân as wurkgebiet hat, foar aktiviteiten lykas beskreaun yn kêst 3, sub oant en mei d. De regeling stiet iepen fan 1 maart 2023 ôf oant en mei 28 septimber 2023(eksterne keppeling). It subsydzjeplafond is € 100.000,00.

Hichte fan de subsydzje

De subsidiabele kosten en hichte fan it subsydzjebedrach binne ôfhinklik fan de aktiviteit dêr 't jo subsydzje foar oanfreegje. Sjoch foar fierdere ynformaasje de regeling Sichtberens Fryske taal(eksterne keppeling).

Betingsten

De betingsten kinne jo fine yn de Subsydzjeregeling Sichtberens Fryske taal. Yn dizze regeling kinne jo lêze oft jo foldogge oan de betingsten fan de regeling.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it beskikbere oanfraachformulier. It is wichtich it oanfraachformulier folslein yn te foljen en de taheakken derby te dwaan.

Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DC folgje jo neikommende stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC

  2. Klik op ‘Ynfolje en ûndertekenje’

  3. Folje de antwurden yn

  4. Print it formulier út

  5. Undertekenje it formulier

  6. Soargje derfoar dat alle taheakken dy’t frege wurde ek útprinte wurde

  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken mei de post op nei de provinsje.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum opnimme fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl