De provinsje Fryslân ynvestearret hast €300.000,- yn de fiering fan 80 jier frijheid yn 2025. Neist de strukturele ynvestearrings, lykas bydrage foar it Bevrijdingsfestival Fryslân en Veteranendag, wurdt om de fiif jier ekstra omtinken jûn oan it fieren fan de frijheid. De fokus leit takom jier op it belûken fan jongerein, de fiering fan de Fryske provinsjale befrijing op 15 april 2025 en it fertellen fan it Ferhaal fan Fryslân.

En dat dogge wy, omdat it yn it hjoeddeiske tiidrek fan grut belang is stil te stean by frijheid. Wy moatte ús realisearje dat oarloch yn Europa gjin byld is út in fier ferline, mar spitigernôch fan dizze tiid. Frijheid is net sa fanselssprekkend as it liket,” seit deputearre Sijbe Knol.

Sa ynvestearret de provinsje €100.000,- yn de Fryske provinsjale befrijing op 15 april 2025, wêrby 't de kearngroep Fryslân Betinkt & Fiert frege is harren projektfoarstel Brêge nei Frijheid út te fieren. Rûnom 15 april fertelle lokale ferhalen it Fryske ferhaal út de oarloch, wat goed oanslút by it fertellen fan it Ferhaal fan Fryslân.

Omdat it libben mei oarloch fan alle tiden is, belûkt it kolleezje jongerein aktyf by de fiering fan 80 jier frijheid. It kolleezje stelt dêr €50.000,- foar beskikber oan it Fries Verzetsmuseum foar in opstellen fan in edukaasjeprogramma, yn gearwurking mei partners yn it fjild. “Wy moatte derfoar soargje dat wy de oantinkens trochjaan oan folgjende generaasjes. Dêr leit wat ús oanbelanget in taak foar ús as provinsje,” seit Knol.

Dêrneist ûntfange sawol it Bevrijdingsfestival Fryslân as ek Veteranendag harren jierlikse bydrage. Ek kin in oanfraach yntsjinne wurde by it Vfonds ûnder de lanlike regeling 80 Jaar Vrijheid.

Knol beklammet it spitich te finen dat der bepaalde byldfoarming ûntstien is oangeande de fiering fan 80 jier frijheid yn Fryslân. “Mar nettsjinsteande de feroarjende finansjele situaasje fan de provinsje Fryslân, lit it kolleezje sjen grutte wearde te hechtsjen oan de fiering fan 80 jier frijheid yn 2025.