Yn ‘e mande mei de swimferiening Laaksum iepenen Technasium-learlingen fan CSG Bogerman yn Snits fan 'e middei de troch harsels ûntwurpen swimtrep yn Laaksum. Deputearre Friso Douwstra en wethâlder Henk de Boer fan gemeente Súdwest-Fryslân wiene derby om dat feestlike momint mei harren te fieren. Nei't de swimferiening Laaksum it lintsje knipt hie, plûnzgen de learlingen as earste brûkers fan de swimtrep de Iselmar yn. De swimtrep en de oanpak fan de haven fan Laaksum binne de earste projekten fan Versterken Friese IJsselmeerkust dy't útfierd binne. 

Yn opdracht fan Versterken Friese IJsselmeerkust giene 40 treddejiers havo- en vwo-learlingen oan ’e slach mei de swimtrep. Se betochten net allinnich feilige oplossingen, mar moasten ek rekken hâlde mei floara en fauna en easken fan bygelyks Rykswettersteat, Wetterskip Fryslân en natuerorganisaasjes. Nei't de ideeën útwurke wiene, learden de learlingen wat der by in fergunningsoanfraach komt te sjen. Dêrnei makken se de swimtrep yn oparbeidzjen mei Efko Beton yn Twellingea. No is de trep klear foar gebrûk.

Wethâlder Henk de Boer: “Nei in winsk fan in groep betûfte swimfanaten út Laaksum en omkriten hawwe de learlingen fan CSG Bogerman yn Snits dizze kreaze en feilige swimtrep makke. In moaie praktykûnderfining en útdaging foar de learlingen dêr't se in soad fan leard hawwe! Dit projekt is in goed foarbyld fan hoe’t it ûnderwiis, ûndernimmers en oerheid mekoar fine kinne om te wurkjen oan ideeën foar en troch de mienskip.”

“Versterken Friese IJsselmeerkust hie in lange oanrin, mar it is moai dat de earste projekten no útfierd binne. Dit is it begjin fan in rige prachtige projekten dy 't folget om de Fryske Iselmarkust noch sterker, better en moaier te meitsjen. En ik bin grutsk dat wy ôftraapje kinne mei in projekt dat troch jongerein útfierd is!”, seit deputearre Friso Douwstra.

Versterken Friese IJsselmeerkust

Versterken Friese IJsselmeerkust is in gearwurking tusken it Ryk en de regio. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en natuerbehearorganisaasjes It Fryske Gea, Steatsboskbehear en Vogelbescherming Nederland. Dizze organisaasjes sette harren yn foar it fergrutsjen fan de wetterfeiligens, it lytser meitsjen fan de kâns op wetteroerlêst en it ferheegjen fan de ekologyske wetterkwaliteit.

Nei it briedseizoen yn augustus 2024 folgje wurksumheden yn de natuergebieten by Stoenckherne, de Warkumerwaard en de Mokkebank. Dêrnei binne Teakesyl en It Soal yn Warkum oan bar. As lêste folgje de strannen. De planning is ûnder foarbehâld. Min waar en de beheinde beskikberens fan sân kinne derfoar soargje dat de wurksumheden útrinne. Sjoch foar mear ynformaasje oer de Fryske Iselmarkust op www.frieseijsselmeerkust.frl.