In bloeiend kultureel libben dat soarget foar beweging yn de Fryske mienskip. Dat is wêr’t de provinsje Fryslân har op rjochtet mei de nije beliedsnota Nij Poadium foar de perioade 2021 oant en mei 2024. Yn dat plan steane ambysjes foar keunst, kultuer, taal, ûnderwiis en erfgoed. Dy freegje foar de hiele perioade om in ynvestearring fan 143.110.500 euro.

Regelingen Keunst en Musea

Nij yn Nij Poadium binne de regeling Keunst en de regeling Musea. Organisaasjes koene fan febrewaris 2020 ôf in plan yntsjinje om yn oanmerking te kommen foar fjouwerjierrige provinsjale finansiering. Twa ûnôfhinklike advyskommisjes advisearren dêrnei fia in advysrapport de provinsje wa't yn oanmerking komt foar subsydzje. Op 30 juny is bekend makke hokker 27 keunstorganisaasjes en 6 musea subsydzje krije om de kommende jierren nij elan te jaan oan it kultueroanbod. De provinsje folget hjirmei de advizen fan de advyskommisjes. Mear ynformaasje: it advysrapport en it oersjoch mei takende bedraggen.

Nije subsydzjes bringe fernijing yn Fryske kultuersektor (NL)

Bron: YouTube

Programmalinen

Ûnderdiel fan it belied binne fiif yntegrale ‘programmalinen’. Grut & Grutsk rjochtet har op kulturele produksjes dy’t passe binnen LF2028, de fuortsetting fan Kulturele Haadstêd. De programmaline Ynnovaasje en eksperimint giet oer fernijende inisjativen dy’t in bydrage leverje oan maatskiplike fraachstikken lykas duorsumens of leefberens. Mei Kultuer yn ‘e mienskip wol de provinsje keunst en kultuer berikber meitsje foar elkenien. Taal & identiteit moat in ympuls jaan oan it fertellen fan ferhalen yn Fryslân. By de lêste programmaline Ferhaal fan Fryslân stiet it ferbinen fan erfgoed en kultuer sintraal.

Ekstra ynvestearrings

De provinsje ynvestearret mei Nij Poadium ekstra yn taal, kultuer en erfgoed. Yn de perioade fan 2021 oant en mei 2024 is boppe op de strukturele bedraggen 3,2 miljoen euro it jier ekstra beskikber foar kultuer, 2 miljoen euro it jier ekstra foar de Fryske taal en 1,1 miljoen euro foar erfgoed.

Advyskommisjes

Nij binne de regeling Keunst en de regeling Musea. Organisaasjes kinne fan febrewaris 2020 ôf in plan yntsjinje om foar provinsjale finansiering fan fjouwer jier yn ‘e beneaming te kommen. In onôfhinklike advyskommisje advisearret de provinsje wa’t yn oanmerking komt foar subsydzje. Om-en-de by1 july 2020 krije de oanfregers in antwurd op de oanfraach.

Tiidskema

Het beliedsplan Nij Poadium is in ferfolch op de notysje Kultuer oan ‘e Kime dy’t yn desimber 2018 troch Provinsjale Steaten fêststeld is. Provinsjale Steaten hat op 22 jannewaris 2020 ynstemd mei de Nota Nij Poadium.

Dokuminten